Op kommende wei is de twatalige dichtbondel
De Sneinen – Land achter het oog van de naald
mei fersen fan Aggie van der Meer, yn oersetting fan Catrinus Corporaal, Tytsje Hibma en Jan Popkema.
De fersen binne skreaun by alle sneinen fan it tsjerklik jier en kamen yn 2012 út yn in ko-produksje fan Uitgeverij Elikser en Utjouwerij Frysk en Frij. Elikser hat har rjochten op 7 maart 2022 oerdien oan Utjouwerij Frysk en Frij.
It doel fan ’e Nederlânske fertalingen is – neist de literêre wearde – benammen it gebrûk yn ’e praktyk te fergrutsjen, lykas yn tsjerklike liturgiën.
In part fan De Sneinen is op oratoariummuzyk set troch Hoite Pruiksma.
As it troch fûnsen finansjeel mooglik makke wurdt, wol Frysk en Frij by de presintaasje fan de twatalige útjefte dat part graach útfiere litte.