– Feestlike manifestaasje oer ús aller ierdappel
Underwerpen: de ierdappel yn ús eardere tiden, en no as feredelaar, as ferromjend ferskynsel yn ’e byldzjende keunst, as muzyk yn ’e earen, as genot op ’e tonge, as deistige stof ta neitinken.
Wikselwurking troch krigel beärbeidzjen fan spanningsfjilden. Kritise kanttekeningen.
En tagelyk krúsbestowing.
>Ierdappel-sammel-bondel – dichtbondel mei as tema de ierdappel Appel út de Ierde, en dy fan gefolgen, te witten de earappel, earpel, eerpel, erappele, ierappel, irpel, jerappel, jerpel, rejappel, rjappel, pieper, piper and potatoe.
Nije ierdappelgedichten yn it Achterhoeks, Bildts, Frysk, Eilanners, Grinslâns, Hollâns, Ingels, Katalaans, Stellingwarfs.
>Ierdappelmuzyk
Hein Jaap Hilarides
– Lofbaarne fan Douwe Tamminga
– Bakspikere
Piter Wilkens
– De Ballade fan de Befrijde Ierdappel
en mear as dat.
>Foarum -Ierdappelteelt en -feredeling, doe, no en yn ’e takomst.
Gedachteútwikseling, trochtinke en belibje.
>Tentoanstellingen op ferskillende lokaasjes, û.o. Stedhûs Frjentsjer, Tsjerke Bitgum
Mear as 125 jier partikulier ierdappelkeapmanskip: oprjochting Hannelshûs Hettema yn 1898 te Bitgum, mei dêrneist besichtiging fan oare ierdappelmaten, lykas Braaksma, Cultura, ZPC, Zijlstra ensfh.
>Ierdappeldûnsen
>Nij ierdappeliten en -drinken út ’e folop.
Datum: sneon 23 novimber 2024
Plak: Stedhûs Frjentsjer, Riedhúsplein 1
Tiid: 10.30-15.00 oere.