15 novimber 2023

It projekt Frysk en Frij 80 jier en De keunstmjittige ierdappel? 2023-2025 kin fanwegen it útbliuwen fan oerheidssubsydzjes út it Iepen Mienskips Fûns, Taalplan Frysk 2030 en fan ’e Gemeente Waadhoeke net trochgean.
De start op 9 desimber o.s. bliuwt út. In ferfolch takom jier liket ek dreech te wurden.
In hele domper.

Dêr stiet tsjinoer dat wy in protte meiwurking út it wurkfjild ûnderfûn hawwe, oangeande wurkwinkels (oer ierdappelfersen en -tonielstikjes), de agrarise- en taalfoarums, dûns, muzyk en tonielspilerij, websiden, ierdappelgedichten fan dichters út it hele lân, nije resepten fan ierdappeliten en -drinken.
Dy positive ynbring is fansels net wei.


En wat trochgean kin, giet troch. Guon diel-projekten sille útfierd wurde mei finansjele stipe út partikuliere fûnsen. Sa kinne ûnder oaren de ûndersteande útjeften wol it ljocht sjen.

Samle fersen fan Bert Bakker.
Bert Bakker sr. (Huzum 1912-Ilpendam 1969) siet yn ’e yllegaliteit dêr’t Frysk en Frij ek út fuortkomt. Syn omke Paul Bakker wie de drukker fan ’e yllegale Trouw en soe dat mei de dea bekeapje. En fia Trouw-rûnten waard it yllegale pamflet Frysk en Frij ferspraat.
De Bakkers binne maten fan ’e frijheidsstrider Fedde Schurer – doedestiids skoalmaster te Amsterdam; dy stiet mei de Befrijing op 7 maaie 1945 neist syn fersetsmaat Popke Sjoerd Mientes Bakker op ’e Dam te feestfieren, even letter wurdt Popke Bakker troch de Dútser deasketten.

Sammle fersen - front

Delta, dichtbondel fan Albertina Soepboer.

Kronyk Frysk en Frij, digitaal te lêzen, klik op ’e ôfbylding.

De ierdappel, Lês- en lesbrief foar Groep 7 en 8 foar de Basisskoalle en foar thús.

De ierdappel – lês- en lesboekje