fersen
Omslachtekst
Strânkuier
In rjochte streek fan brol en wier
jout oan hoe heech de bráning kaam.
Jit leit it wetter leech en fier
en droech oan d’ ein strekt swart de daam.
Strak sil ‘t wer rôlje oan en oan
de weagen wyt en brûzjend brekke
it skom earstoan de earmoed dekke,
dan skamsum bleat dér wolféarts foan
De jutter nimt in hap en snap
en yuppies fan it hout foar fjoer.
Yn brike gong flechtet fluch in krab
nei see it griemich strân noch oer.
Resinsjes (fragminten)
Oardelhûndert gedichten ferskynden yn ien klap by útjouwery Frysk & Frij, doch mar rij! Nee, sunich is Goasse D. Brouwer net as it giet om ús dichters. It wie yn 2005 dat dizze mânske debútbondel útkaam. Op de digitale side fan de újouwer stiet moai op in rychje wat de krityk sein hat oer dit foarmfêste dichtwurk. Opfallend binne de opteine wurden fan Abe de Vries op Farsk 54: ’It is sa helder as glês dat Miedema al in dichter is, en boppedat in dichter dêr’t in oar in protte fan leare kin. Uteinlik is it de kearn fan syn poëzij dêr’t it om giet: de dea en de fjouwerrigel, de beswarring, it ritueel.
In ieuwenâlde tradysje fan poëzij skriuwen, dy’t hjir in wjerklank kriget dêr’t men bytiden stil fan wurdt’. Op side 160 stiet:
APOLLO
Wie ’k as jo, Apollo, goade gelyk
yn goedens, skientme, oarder, rjocht,
jo, god fan dichters en muzyk…
mar ’k bin in minske rjocht en sljocht.
Soene jo in pylk op my rjochtsje
fan omfierren, dêr haw ik oer lêzen,
myn brein my wjokjende wurden ferljochtsje,
Orakel fan Delphi, master yn ’t genêzen.
Apollo, hoe kom ik jo neier en tichter
spitich, ik kin net de takomst foarsizze
mar oan my sil it perfoarst net lizze:
Iverich sil ik leare foar dichter.
In nederich stânpunt fan de dichter fan dit moai fersoarge boek. It lêzen, lykwols, dêr kinst wol wat tiid foar nimme, bedoel ik mar. Andries Miedema (* 19 april 1937 yn Frjentsjer) jout ús kar út. Op side 109 tref ik in fers oan dat as ienige tige ôfwykt en dat bûten it stramyn fan de kwatrinen falt, mar wol wer 14 rigels telt. Is it in sonnet?
UNWENNICH
De rûge rotsen seagen del
op ’t doarpke fan deselde stiennen.
Allinne frjemde ûnbekenden
– dy’t yn ’t kafee de wyn sa minden
en yn it strjitsje lang en smel
de heale meter sinne –
knoffelen it paad omheech
mei yn ’e rêchsek wyn en wetter.
Hja seagen yn ’e rotsegrillen
Jezus, kat en krokkedil en
doe’t it siësta waard en dreech
it swit al op ’e rêch en dree
noch waarmer, heger, letter…?
Djip it dak fan it kafee.
Bliksem, trije puntsjes mei in freechteken der achter, wat sil dat betsjutte? It is in hiele klim Parnas’ berch op! (jqs)
Ien gedicht, no twa dan, út in bondel wei dy’t optilt fan de poëzy. 151 gedichten. Miedema is aardich wat kearen besprutsen. Yn alle besprekken komt nei foaren dat opfalt dat Miedema’s gedichten klassyk kwa foarm en technyk binne.
Abe de Vries – Farsk: ‘Wa’t de fersen oereaget, sjocht dalik dat ek wat de foarm fan dizze poëzij oanbelanget de dichter folslein syn eigen paad rint. Yn dit tiidrek fan it frije fers, dat de klassike foarmen fier nei de achtergrûn treaun hat, jit er syn poëzij hast provosearjend yn jambyske en rymjende fjouwerrigels, iderkear ûnderbrocht yn trije of fjouwer strofen; sa út en troch ôfmakke as klassyk 4-4 3-3 sonnet’.Babs Gezelle Meerburg – LC: ‘It binne meastal foarmfêste fersen mei rym’. R.A. Wagenaar Duursma – NBD: ‘Opvallend is de traditionele vorm: rijmende strofen (vierregelig), zo nu en dan zelfs een sonnet.’
Ek Apollo is in klassyk opboud gedicht. Trije kwatrinen mei abab cdcd efef. Knap dien. Myn smaak? Nee, mar smaken ferskille.
Abe de Vries: ‘Hast altyd is syn rym floeiend, natuerlik en fierhinne ûnopfallend’. Henk v/d Veer: ‘Ien fan de skaaimerken fan sneinsdichters is dat se omraak rymje kinne, en ek Miedema makket op dizze rigel gjin útsûndering’. Pier Boorsma: ‘(…) foar Miedema, dy’t omraak rymje kin oer alle mooglike ûnderwerpen yn gedichten dy’t spitigernôch meast djipgong misse’.
Yn alle besprekken dy’t ik lêzen haw, wurdt opmurken dat in bondel mei safolle gedichten tsjinne west hie mei in redakteur. Dus oft sa’n bondel in GJP yn ’e wacht sleept. Tink fan net. Mar wol in moaie bondel foar lêzers mei in ferlet fan in “medisyn” tsjin it frije fers. (edg)
ensafh., Frysk literêr tydskrift, jiergong 1, nûmer 6, Jacobus Quiryn Smink/Edwin de Groot, oktober 2009
/…/ Wa’t de fersen oereaget, sjocht dalik dat ek wat de foarm fan dizze poëzij oanbelanget de dichter folslein syn eigen paad rint. Yn dit tiidrek fan it frije fers, dat de klassike foarmen fier nei de achtergrûn treaun hat, jit er syn poëzij hast provosearjend yn jambyske en rymjende fjouwerrigels, iderkear ûnderbrocht yn trije of fjouwer strofen; sa út en troch ôfmakke as klassyk 4-4 3-3 sonnet. /…/ Heden, wat in konservative bedoening! hear ik guon foarútstribjende literatoaren al roppen. Mar al lêzendewei – yn in mega-bondel dêr’t jo noris net yn in lyts oerke trochhinne binne – kaam my it wurd ‘ferademing’ yn ’t sin.
/…/ De falkûlen fan it sjenre rint Miedema faak trefseker omhinne. Monotoanens bygelyks: dat gefaar wit er foar te kommen mei in trochwurke, bytiden hast oerdiedige taalmuzyk yn rigels mei mear rymeffekten as allinnich oan ’e ein. /…/ In oare falkûle hat mei it rym te krijen. Der kin al gau praat komme fan rymtwang, of forsearre rym, of sinteklaasrym. Oan dizze sûnden makket Miedema him amper skuldich. Hast altyd is syn rym floeiend, natuerlik en fierhinne ûnopfallend. Dat betsjut dat it ear fan de lêzer harkjen bliuwt en net ôflaat wurdt troch dissonante sinjalen dy’t op in steurende wize om omtinken freegje.
/…/ de klassike foarm /…/
Hjir stiet Miedema yn de Fryske poëzij fan hjoeddedei suver allinnich yn. De fjouwerrigel wurdt noch altyd wol in protte brûkt, mar ik kin gjin hjoeddeiske Fryske dichter neame dy’t it oandoart om safolle fersen bûten in syklysk ferbân te presintearjen dy’t bestean út trije fjouwerrigels (yn dizze bondel 86) en fjouwer fjouwerrigels (21). /…/ In wichtige fraach is fansels oft al dit, men soe sizze kinne obsessive omtinken foar in klassike foarm ek op ien of oare wize past by de ynhâld fan de poëzij dy’t hjir presintearre wurdt. Ik kin dalik al melde dat it antwurd ‘ja’ is, alteast, foar in part fan de gedichten, en dan benammen foar it part dat tematysk mei de dea gearhinget.
/…/ Tematysk is der dan noch in grutte restkategoary fol ferskaat fan fersen dy’t harren ûntstean fûnen yn de natuer, it doarp fan de dichter, de leafde foar syn frou of de fakânsjes op ’e kemping yn Frankryk. It ûnthâld wurdt as it wiere omkeard om te sjen wat der út rûgeljen komt. Dat hat wolriswier 151 fersen opsmiten, mar net altyd kin it risseltaat hielendal befredigje. Bytiden is it faaks de dichter wol dúdlik wêrom’t er sa’n oantinken heine wol yn poëzij, mar foar de lêzer is de needsaak dêrta net altyd helder, nettsjinsteande al it fakmanskip /…/ In twadde punt fan krityk is dat, by alle fraai en muzikaal harmonieus ferpakte tagonklikens – dy’t bytiden ek djippere wetters hat as dat men by in earste lêzing sizze soe –, it byldgebrûk yn guon fersen bytiden sterker en orizjineler kinnen hie. /…/ Dit debút is dan, nettsjinsteande dat der in wat strangere seleksje tapast wurde kinnen hie – mar dat is ‘praat achterôf’, sa’t Harmen Wind fan resinsjes seit – in ymponearjende en rike bondel. Ryk yn syn taalmacht, ryk yn syn gefoel foar maat en klassike ferhâldingen, ryk ek yn de wize sa’t de meast ferskate anekdoatyske oanliedingen in metamorfoaze ûndergeane en grasieus feroarje yn… wierheden oer it libben? ‘Iverich sil ik leare foar dichter,’ seit de lêste rigel fan de bondel, yn in fers dêr’t de dichter Apollo oansprekt. Leare is yndie in permanint projekt. It is sa helder as glês dat Miedema al in dichter is, en boppedat in dichter dêr’t in oar in protte fan leare kin. Uteinlik is it de kearn fan syn poëzij dêr’t it om giet: de dea en de fjouwerrigel, de beswarring, it ritueel. In ieuwenâlde tradysje fan poëzij skriuwen, dy’t hjir in wjerklank kriget dêr’t men bytiden stil fan wurdt.
Farsk, Abe de Vries, 2005 (nûmer 54)
/…/ It binne meastal foarmfêste fersen mei rym. Se binne realistysk: tafrielen (!) út it gewoane deistich libben, oantinkens, tinzen oer de gong fan it libben. Meast opfallend oan Miedema syn debútbondel is de kreaze fersoarging fan de bondel en it grutte oantal gedichten. Yn de bondel steane mear as hûndertfyftich fersen!
Wêr’t it “Wynfang (sic) by ‘t lemieren” benammen oan ûntbrekt is in goede redakteur. Om’t it om sa’n grut tal gedichten giet, hie der in redakteur wêze moatten, dy’t oanstie op in dúdlike oardering.
/…/ It fers “Yn ôfwachting slút ôf mei de sin: “…de kastlein is betelle, it hok opromme.” Datselde gefoel bekrûpt jin by it lêzen fan “Wynfang (sic) by ‘t lemieren”.
Leeuwarder Courant, Babs Gezelle Meerburg, 17 febrewaris 2006
Debuutbundel van een al wat oudere auteur, die sinds enkele jaren publiceert. Het is een forse bundel geworden: maar liefst 151 gedichten.
/…/ Opvallend is de traditionele vorm: rijmende strofen (vierregelig), zo nu en dan zelfs een sonnet. Spelend met de taal gaat de dichter hier creatief mee om: er is geen rijmdwang, wel originaliteit. Wat thematiek betreft, speelt de dood in ongeveer een derde deel op een of andere manier een rol. Verder (zee)reizen, de natuur en de liefde, soms wel erg persoonlijk. Door de hoeveelheid is de kwaliteit uiteraard wat wisselend, maar over het algemeen toegankelijke poëzie.
Nederlandse Bibliotheek Dienst, R.A. Wagenaar-Duursma, 26 augustus 2005
Gjin twifel mooglik, der wurdt wat ôfdichte yn Fryslân. De iene nei de oare dichtbondel ferskynt. Allinne by ‘utjouwerij Frysk en Frij al kamen koartlyn mar leafst trije dichtbondels út fan debutanten. Ien fan dy debutanten is Andries Miedema, hy komt mei in tsjokke bondel mei mar leafst 152 (!) fersen. It is suver in sammelbondel te neammen.
/…/ Ien fan de skaaimerken fan sneinsdichters is dat se omraak rymje kinne, en ek Miedema makket op dizze rigel gjin útsûndering. Yn praktys alle fersen dy’t yn dizze bondel opnommen binne is (ein)rym oanwêzich.)
/…/ Andries Miedema is gjin dichter dy’t heechdravende poëzy skriuwt en hy wit soks treflik wer te jaan yn it folgjende fers.
APOLLO
Wie ‘k as jo, Apollo, goade gelyk
yn goedens, skientme, oarder, rjocht,
jo, god fan dichters en muzyk…
mar ‘k bin in minske rjocht en sljocht.
Soene jo in pylk op my rjochtsje
fan omfierren, dêr haw ik oer lêzen,
myn brein mei wjokjende fearren ferljochtsje,
Orakel fan Delphi, master yn ‘t genêzen.
Apollo, hoe kom ik jo neier en tichter
spitich ik kin net de takomst foarsizze
mar oan my sil it perfoarst net lizze:
iverich sil ik leare foar dichter.
Sneeker Nieuwsblad, Henk van der Veer, 22 augustus 2005
/…/ Ut de gedichten docht bliken, dat hy oer de hiele wrâld fearn hat en dat bringt fansels de dichter Slauerhoff yn gedachten. Mar dy dichter is in brêge te fier foar Miedema, dy’t omraak rymje kin oer alle mooglike ûnderwerpen yn gedichten dy’t spitigernôch meast djipgong misse./…/
Friesch Dagblad, 13 augustus 2005, Pier Boorsma