Wachtsje op it daagjen

dichtbondel

Omslachtekst

Sofya

Se wit de kleur noch fan it wetter
fan ’e Swarte See.
Dat wie doe’t se noch gjin man hie en
in bh kocht by de Bentex.
Wol se werom?
Se wit it net. Net wat se wol.
Se hopet dat it net sa kâld wurdt fan ’t winter
as har dochter ‘Nee’ sizze sil.
As sy ek ‘Nee’ sizze sil.
As se it doart.
Se wit de priis net.
Se hat gjin idee fan syn wraak.
Soms nimt er in fiskje mei.

 

Parse oer Aggie van der Meer as dichter:

Benammen yn har koarte fersen hat se har fermogen toand om in bysûndere byldtaal te skeppen.
Leeuwarder Courant

Byldspraak op alderhanne nivo’s: de regels binne as waaks, granyt en messen.
Friesch Dagblad

Resinsjes (fragminten)

Het is wat ouderwets, de regelmatig voorkomende parallellie van de strofen: ‘It kreunt…/It jammeret…/It spoeket…’ over een huis; of over de kerk, de steenrots van Petrus: ‘Se ferneart…/Se lit…/Se dielt…’; of over zichzelf: ‘Ik bin gjin tún…/Ik bin in stêd op ‘e klaai…/Ik bin in stêd op ‘e terp…/Ik bin in stêd…’
En ook de poëtica is van de vorige eeuw, van vóór 1950 zelfs; de dichteres is 77 jaar, niet verwonderlijk dus, maar wat belangrijker is: ze schrijft vaak mooie gedichten. Ze zijn weliswaar wat al te voorspelbaar, bekend, anekdoštisch, didactisch, traditioneel; ze ontberen innerlijke spanning, zijn niet scherp, verrassend van taal, zijn rechttoe-rechtaan. Maar de klank is goed, het ritme, het idioom aantrekkelijk, mooi Fries.

/…/ Moeten deze gedichten geschreven worden? Het is niet aan ons, lezers, om dat te bepalen. De dichter is baas in eigen huis. Moet het uitgegeven worden? Dat bepaalt de uitgever en hij heeft gelijk als hij het doet, want er zijn naar ik verwacht genoeg lezers die op dit soort poëzie wachten, die zich daarbij welbevinden.
De schrijfster is overigens niet blijven hangen in eigen jeugd, adolescentie of volwassenheid. Ze leeft fel in het heden, is trouw aan haar eigen afkomst, haar eigen politieke en maatschappelijke standpunten, aan haar visie op de positie van de vrouw in onze tijd. Ze noemt haar nieuwe bundel vitaal ‘Wachtsje op it daagjen’. Een nieuwe toekomst? Of een leven na dit leven?

/…/ In eenvoudige taal wordt een scherp beeld gegeven van deze allochtone vrouw, schrijnend met die ‘nee’ zeggende dochter, de winterse kou, de veršwachte reactie van haar man als ze voor zichzelf durft op te komen.
/…/ Ze zegt: ‘Doch it net, smyt de kaai yn it saad, oer de berch, bedobje him moai fier fan hûs, do hoechst dyn eigen wachter net te wêzen. Ik wit it paad net, sis ik, ik doar de see net oer mei al dy skerpe haaiebekken.’ Dát is het: je hoeft je eigen wachter niet te zijn! En: ik durf de zee niet over met zijn scherpe haaienbekken. De gevangenis is meer dichter dan de ik.

De Moanne/Trotwaer, Remco Ekkers, febrewaris 2005


Ja, de struktuer is hecht, allegear symboalen komme werom, nei trije kear lêzen klonterje der wat betsjuttings gear yn de mealstream fan ferwizings. Mar net genôch. Ja, wat minsken mar heal begripe, wolle se namste gauwer ferearje. Mar ik hâld net fan heal wurk. Hoe geniaal ek, de saus wurdt my net tsjokkernôch, de betsjutting is bytiden krekt wat te skimerich, tefolle mystifisearre.
Dêrom fyn ik Aggie van der Meer har proaza krekt in slach better as har poëzy. Want yn har proaza is de miks fan symbolyk, betsjutting en helderens krekt neffens myn smaak, mar yn de poëzy is krekt tefolle hermeneutyske mystifikaasje foar my, as leafhawwer fan kristallen helderens, om alhiel kontint te wêzen. Mar likegoed, likegoed, wat is de poëzy moai, wat is it hecht, wat wurdt der in fraaie symboalewrâld sketst, dy’t tinken docht oan de bêste paryten fan it nije testamint.

/…/ Ik ha mysels ek de fraach steld wat NET yn dizze bondel te finen is. No, ôfsjoen fan de ferwizing nei Pato ûntbrekke de Griken en de Romeinen. En miskien hinget dêr mei gear dat de humor en de irony dochs en ûntbrekke. It is gjin beswier. Hjir en dêr mis ik de minske wol wat achter de wrâldomfiemjende retoryk. Mar hawar, lit dat krekt de spesjaliteit fan Van der Meer wêze. Is in ferliking mei Roland Holst misledigjend? Mar dan dochs net sa bedoeld. It is in prachtige bondel mei komplekse retoaryske ferwizende poëzy. Ta myn ûntsetting sjoch ik dat fan Van der Meer gjin wurk opnommen is yn de gesachhawwende ‘Dream yn blauwe reinjas’! O histoarysk fersin! Dan hiene de gearstallers fan in dichter as … wol wat minder fersen opnimmen kinnen. Hoewol’t ik besocht ha om wat kryttyske kanttekeningen te pleatsen, bin ik nettsjinsteande fan betinken dat ‘Wachtsje op it daagjen’ poëzy is fan ynternasjonale klasse!
Hjir, Eric Hoekstra, febrewaris 2005


Evenals in voorgaand werk is de taal van de dichteres hermetisch met een opeenstapeling aan beelden en namen die voorkennis veronderstellen. Daardoor blijft de mogelijkheid tot herkenning en identificatie klein en het begrip moeilijk. Er zijn vaak bijbelse en mythologische elementen in de grote thema’s dood, liefde en natuur. Opnieuw fraaie taal en lenige, creatieve woordvondsten.
Lichtbruine, dunne paperback met een schilderij in de bekende stijl van de auteur.

Nederlandse Bibliotheek Dienst, M. Claus-de Jong, 29 novimber 2004


Guon nije gedichten fan Aggie van der Meer binne wat te algemien/…/ek hjir jildt dat de fersen frij abstrakt binne en gauris hingjen bliuwe yn skematyske wierheden en de beskriuwing fan uterlikheden. Op de earste bondel wie dat ek al in punt fan krityk.
Ien en oar hat grif te krijen mei it type dichterskip. Aggie van der Meer is net in psychologisearjende dichter, mar ien mei benammen maatskiplike ynteresses. Se dichtet net oer yndividuen, mar oer algemiene patroanen. Har libbensfizy is nofteren. De bondel is in ienheid en dat komt net allinne troch de opbou yn sân sykly. Ek it ferbân tusken de sân syklyk is goed te sjen mei’t deselde tema’s en bylden faker weromkomme. Hjir is in regisseur oan it wurk, dy’t de toutsjes stevich yn ‘e hannen hat. It is ek goed te fernimmen dat de dichteresse troch it skriuwen fan teksten besiket om antwurden te finen op wichtige fragen. As lêzers krije wy gjin kant en kleare antwurden presintearre, mar binne wy tsjûge fan in tinkproses. Dat is in ferskil mei de foarige bondel en makket ‘Wachtsje op it daagjen’ nettsjinsteande de swakkere punten wurdich om goed lêzen te wurden.

Leeuwarder Courant, Babs Gezelle Meerburg, 12 novimber 2004

Wachtsje op it daagjen
Wachtsje op it daagjen, gedichten, Aggie van der Meer
Jier: 2004
72 siden
ISBN: 90-73554-97-7
Oare boeken fan dizze auteur
De sneinen, it lân achter it each fan 'e nulle, gedichten, Aggie van der Meer

De Sneinen

Twaënfyftich gedichten oer de sneinen fan it jier. De kuiertocht, ier en betiid op stille sneintemoarnen, ropt op ta meditaasje en set de fantasy op

Lês fierder »
Pauwehôf, roman, Aggie van der Meer

Pauwehôf

roman Omslachtekst Yn de Pauwehôf wurdt út en troch referearre oan de troch Albin Biblom gearstalde ‘The Journals of Jacob Mandeville’. De Pauwehôf is in

Lês fierder »
Oerfeart, histoarise famyljeroman, Aggie van der Meer

Oerfeart

histoarise famyljeroman Omslachtekst Yn de histoarise roman ‘Oerfeart’ fiert Aggie van der Meer petearen mei har joadse foarfaar en har Dütse beppe. Dêrfoar hellet se

Lês fierder »