Untdekking fan ‘e wrâld

Omslachtekst

i. bernejierren
De dei begûn as alle simmersneinen waarm en stil en wy woenen dat der wat gebeurde. Op gewoane dagen frege de boarre soms om ’e krante of sette er de klok stil, mar hjoed wie er wol gek as er wat die. De parlemoermyn yn ’e tún groeven wy net fierder út, oars soenen wy te ticht by de fjoerbol komme en dat wie knap gefaarlik. Us heit krige syn fioele en dêr waard it net better fan.

Der wie in soad dat net wier wie. It wie net sa dat postdowen altyd daliks wisten wêr’t it postkantoar wie en ek gyng “zelfrijzend bakmeel” net sels op reis.

ii. de wrâld hat mear as ien gesicht
It wie de styfmem fan sniewytsje mei har appels. Se belle oan ’e ferkearde doar.
Ik sei: ’Ik ha jo earder sjoen. Jo stienen op ’e merk mei gouden spegels en foar elke faam hienen jo in oar gesicht. Ik wit wol watfoar appels as jo hawwe. Hâld se mar.’
Se sei: ‘Sels witte.’
Se soe net werkomme, mar op it rút hie se swarte hannen achterlitten mei lange fingers, dy’t om har hinne griepen, skerpe bekken makken, klauwen.

iii. de wrâld in boek mei slanters.
It útsetten fan in nije wrâld is spannender as guozzebrievje, mar dat is wol it iennige datst winne kinst.

Resinsjes (fragminten)

Mei ‘Untdekking fan ‘e wrâld’ hat Aggie van der Meer! al wer in geniale roman skreaun! In filosofyske roman. En dat skreaun troch immen dy’t ik yn libbensbeskôglike sin as de Fijân oantsjutte moat. Och Fijân, dat is wat teologen en humanisten ‘the significant other’ neame, de petearpartner yn jins holle dêr’t je mei diskusjearje (of net…). Fijân want produkt fan it platoanysk kristlik-sosjalistysk idealisme dat it minsdom al mear as twa milennia yn ‘e besnijing hat en dat sawol de grutte diktators as dejingen dy’t har fersetten produsearre hat. En dat dy fijân sa’n moaie styl hawwe moat dat ik wol gûle kin. Ik kin der net oer út.

/…/ Aggie van der Meer hat in unike, hiel konsintrearre, poëtyske en lašpidêre styl dy’t sawol har poëzy as har proaza trochkringt. Yn it boek is it taalgebrûk sa konsintrearre, sa ryk, sa aforistysk, dat gewoane romans dêrnei net mear smeitsje: gjin wetter yn de wyn, graach. As men mear fan har lêzen hat, kringt men ek fierder yn har fassinearjende tink- en ûnderfingswrâld troch. ‘Lytse roman fan Jon Fels’ hie ûnder oaren pedofily as tema. Yn dit boek sit Aggie van der Meer harsels tichter op ‘e hûd, mei’t dit in eksplisyt autobiografysk-filosofysk boek is.

/…/ Se makket har eigen wrâld troch har eigen metafoaren en symboalen te kreëarjen, soms is it foar de lêzer net hielendal nei te kommen, mar dat steurt net, behalve as je it útsykje wolle (Wa kin it yndividu hielendal folgje op syn paden?)
/…/ Der sit ek in protte funksjonele humor yn it boek.
/…/ Ja, ‘Untdekking fan ‘e wrâld’ is in synysk boek.

/…/ Wat komt yn dizze roman net foar? Van der Meer grypt dúdlik werom op de kristlike tradysje. Neat gjin Griken, gjin Renaissance. Opfallend ôfwêzich is fie de freonskip. Fansels, de freon is yn de kristlik tradysje net wichtich, folle minder wichtich as de relaasje fan it yndividu mei syn gewisse (God), en mei de dingen dy’t er dwaan moat.
/…/ Yn ‘Untdekking fan ‘e wrâld’ hat Aggie van der Meer harsels dellein, har libben, har filosofy, har libbensûnderfining. Dat is it heechste wat in keunstner dwaan kin.

‘Ik seach de sûchkrêft fan ekstremen, de macht dy’t beulen skept, mar ik waard net de wize dy’t ik wurde kinnen hie, net de nar sûnder lêst en lytsens.’

Suver beskamme swij ik stil foar sokke moaie sinnen.
Hjir, Eric Hoekstra, april 2005


‘Untdekking fan ‘e wrâld’ wurdt wat dizenich in ferhaleroman neamd. Wat is in ferhaleroman? De haadstikken foarmje gjin ferhalen op harren sels. Miskien hawwe skriuwster en útjouwer foar de beneaming keazen omdat men yn dit wurk net sa gau in trochgeande ferhaallijn fine kin. Mar mear foar de hân leit dat  de skriuwster hielendal gjin roman skriuwe wollen hat, mar in autobiografyske en impresjonistyske komposysje delsette woe, sûnder bûn te wêzen oan wetten fan hokker sjenre dan ek. Dizze skriuwster lavearret faker tusken de fêstleine sjenres troch, tink oan har ultra-koarte ferhalen, dy’t ek wol proazagedichten neamd wurde. Yn alle gefallen krijt se de lêste jierren in hiel eigen plak yn de Fryske literatuer en meie we bliid mei har wêze.

/…/ Aggie van der Meer skriuwt helder, to the point, gjin wurd te folle. Dochs krijt men in goed tiidsbyld foar jin troch dizze lakonike opsommingen fan gebeurtenissen.
/…/ Spitichgenôch is in moaie en eigen styl gjin garânsje foar in bestseller. Mar dat hoegde it wierskynlik ek net te wurden. It boek is as in dichtbondel dy’t men op jin ynwurkje litte moat. In keunstwurkje, net om te ynterpretearjen mar om fan te genietsjen.

Farsk, Jetske Bilker, 2005 (nûmer 43)


Autobiografische ontwikkelingsverhalen, waarbij gedachten, observaties en dialogen samen het leven van de auteur reconstrueren.
/…/ Het proza leunt aan tegenpoëzie van een vrij ontoegankelijke soort, met een opeenstapeling van beelden. Voor een goed begrip van de inhoud wordt veel voorkennis voorondersteld, daardoor raakt de thematiek je niet echt. De taal van de auteur is expressief, vloeiend, muzikaal en ritmisch. Kleine paperback met kunstzinnige Paul Klee-achtige illustratie van de auteur.

Nederlandse Bibliotheek Dienst, M. Claus-de Jong, 25 novimber 2004


Jo soene de ‘Untdekking fan ‘e wrâld’ in ûntjouwingsroman neame kinne, in ûntjouwingsroman yn ferhalen dan, want it boek is fragmintsgewiis opboud, yn stikken dy’t net perfoarst dalik op elkoar folgje, mar bytiden ek tematysk fan elkoar skieden binne.
/…/ Van der Meer wist yn har ‘Lytse roman fan Jon Fels’ psychology en poëzy mei sukses te kombinearjen, mar it nivo fan dat boek hellet se diskear net. Miskien komt dat wol omdat se dit boek op autobiografyske gegevens basearre hat – dêr hat it alteast fan wei. It skriuwen oer it eigen libben makket guon auteurs beskieden. Se wurde benaud om te folle fan harsels priis te jaan, benaud om skamteleas te wêzen. Mar dêrtroch bedimje se harsels te folle. ‘Untdekking fan ‘e wrâld’ docht my te folle tinken oan dat allegoaryske boek mei proaza-gedichten dêr’t Van der Meer mei debutearre, oan ‘De stêd, it bist, de ingel’, en it lijt oan deselde krupsje: it is te ûnpersoanlik.

Leeuwarder Courant, Jabik Veenbaas, 22 oktober 2004

Untdekking fan ‘e wrâld
Ûntdekking fan 'e wrâld, ferhaleroman, Aggie van der Meer
Jier: 2004
144 siden
ISBN: 90-73554-98-5
Oare boeken fan dizze auteur
De sneinen, it lân achter it each fan 'e nulle, gedichten, Aggie van der Meer

De Sneinen

Twaënfyftich gedichten oer de sneinen fan it jier. De kuiertocht, ier en betiid op stille sneintemoarnen, ropt op ta meditaasje en set de fantasy op

Lês fierder »
Pauwehôf, roman, Aggie van der Meer

Pauwehôf

roman Omslachtekst Yn de Pauwehôf wurdt út en troch referearre oan de troch Albin Biblom gearstalde ‘The Journals of Jacob Mandeville’. De Pauwehôf is in

Lês fierder »
Oerfeart, histoarise famyljeroman, Aggie van der Meer

Oerfeart

histoarise famyljeroman Omslachtekst Yn de histoarise roman ‘Oerfeart’ fiert Aggie van der Meer petearen mei har joadse foarfaar en har Dütse beppe. Dêrfoar hellet se

Lês fierder »