Resinsjes (fragminten)
It is in moai boek mei gedichten dy’t foar in lyts part ynspirearre binne troch skilderijen fan Claude Monet. Se binne goed te folgjen; Anneke Posthuma (* 1940 yn Den Haach) lit ús sjen. Utjouwerij Frysk en Frij hat yn 2005 syn bêst tige dien om in geef debút de wrâld yn te stjoeren. Printer Wilco fan Amersfoort leveret kwaliteit. It titelgedicht heart by it plaatsje fan it omslach. Famke mei paraplu wurdt trappearre op sjans miskien:
TRAPPEARRE
Op in hichte, mar net iensum of allinne
stiet myn dreamprinses, omkrânse fan in skynsel
yn dit krûdich rispingripe lân fersille;
mearke foar myn each, mar ek hast ûnberikber
ûntflechtet hja de sleur fan ’t deistige bestean.
Myn roppen skuort de dwilige sfear oan flarden,
har habyt, as yn in simmertwirre wieljend,
wâlteret alteraasje om myn drystens del,
doch bliuwt it keine antlit yn it skaad temûk
en stadich wurdt har sletten byltnis transparant.
Wat is it dat beskerme wurdt tsjin ’t kleare ljocht
Wat it doel dat allinne ‘t jonkje witte mocht?
(s. 47)
Babs Gezelle Meerburg wiisde noch twa gedichten eksplisyt oan as juwieltsjes: Moer en En koe ik alle geheimen en alle wittenskip… basearre op respektivelik Genesis en Iepenbiering. Trappearre stiet ek op de lange list. Wobbelke wurdt mar ûnthelle mei pronkjes. (jqs)
ensafh., Frysk literêr tydskrift, jiergong 1, nûmer 6, Jacobus Quiryn Smink/Edwin de Groot, oktober 2009
Negen van de in totaal 49 Friese gedichten zijn geïnspireerd door schilderijen van Claude Monet. Deze zijn sfeervol en gevoelig geschetst waarbij er een wisselwerking tussen beeld en taal ontstaat. De 40 andere gaan over de natuur of zijn persoonlijke impressies. Dichterlijke vaardigheid is onmiskenbaar: daardoor ontstijgen de verzen het niveau van volkspoëzie en zijn ze niet altijd direct toegankelijk.
Nederlandse Bibliotheek Dienst, G. Abma, 8 septimber 2005
Yn de kreas útfierde bondel, mei mar leafst 50 fersen steane in tal hiel nijsgjirrige. It wurk fan de ympressionistise skilder Claude Monet (1840/1926) is ien fan Gerbrandy’s ynspiraasjeboarnen.
/…/ Troch yn de bondel ek in tal ôfbyldings fan Monet syn skilderijen op te nimmen, winne guon fan Gerbrandy har fersen oan sizzenskrêft.
/…/ Gearfette, in sympatike bondel mei tagonklike poëzy yn in kreas útfierd jaske.
Sneeker Nieuwsblad, Henk van der Veer, 15 augustus 2005
De fersen fan Anneke Gerbrandy binne ‘ierdsk’ en dêrtroch tagonklik foar elk. Se geane gauris oer de lytse freugden fan it libben: in moai berntsje, in fûgeltsje yn de tún en in boatsje yn de stream. It binne ûnderwerpen fan de fjouwerkante sintimeter, sa’t in oare Fryske dichteresse wolris ferwiten is.
/…/ Dizze fersen geane oer it ‘sjen’. dat is by dichtsjen oer skilderijen miskien minoftemear fanselssprekkend. Muzyk is by Anneke Gerbrandy lykwols ek hast mear fisueel as audityf.
/…/ Aardich yn dizze poëzy is benammen dat de dichteresse it froulik perspektyf kiest. Dat dat fierder giet as itensieden en túnkjen bewiist it fers ‘Moer’, dat ynspirearre is op ‘Enoema’ Elisj’, it Babyloanyske epyske gedicht dat de skepping fan de wrâld beskriuwt.
/…/ Om Monet te belibjen, moat men de orizjinelen sjen en jinsels rêst en iepenheid gunne. Dat is by dizze fersen ek it gefal. In oanrieder foar lêzers, dy’t fan minder abstrakte fersen hâlde.
Leeuwarder Courant, Babs Gezelle Meerburg, 3 juny 2005