In Ierse nimf

Roman

De leafde foar de literatuer yn it algemien en dy foar poëzij yn it bysûnder foarmet in wichtich thema fan In Ierse Nimf.

Yn dit boek binne behalven twa reisferhalen ek deiboekfragminten opnommen. Mei as reade tried in syktocht. Dy syktocht fiert fan Grins fia Portugal nei Ierlân. Dublin foarmet dan ek foar in grut part it dekor fan wat der him yn Ierlân ôfspilet.

It doel fan de syktocht wurdt personifiearre yn it Ierse famke Joan dat yn it libben fan de ik-figuer like ûnferwacht ferskynt as dat it dêrút ferdwynt. Sy wurdt foar him geandewei in represintaasje fan de poëzij. Har fine soe syn bestean faaks de sin jaan dy’t er siket. Earst jierren letter kringt ta him troch wat in útspraak fan de ier ferstoarne Ljouwerter dichteresse Hedwig te betsjutten hie.

Resinsjes (fragminten)

‘In Ierse nimf’ is it predikaat roman meijûn. Dat ûnderstelt in fiktyf gehiel. It tsjindiel is lykwols it gefal, al wie it mar omdat de ik-ferteller fierhinne gearfalt mei it ik-personaazje Willem Abma, dy’t ûnder mear yn deiboekfragminten de lêzer fermakket mei alderlei autobiografyske notysjes en anektoates. Bygelyks oer in ôftakjende freonskip mei de literêr swietwettermatroas Michaël Zeeman, moetings mei Sybe Sybesma, lessen Frysk by mynhear Stienstra yn Goutum, ensafuorthinne. Mei it each op Abma syn lêsaventoeren en de skôgings dêroer soe ‘In Ierse nimf’ likegoed in ego-dokumint neamd wurde kinne.

/…/ It boek is eins ien grutte leafdesferklearring oan Ierlân, syn histoarje, natoer en dichters.

/…/ De Ierske leafde krijt in diminsje mear wannear’t de ik-ferteller as studint op in winternacht yn Grins in Ierske dichteresse fan ‘e strjitte fandelet. /…/ Goed tweintich jier letter is it omtinken oan de nimf ien fan de oanliedings foar de reis nei Ierlân. /…/ Al wa’t it ik-personaazje op reis yn it Ierske ‘skimeryk’ tsjinkomt, net syn ferlerne faam. Wol rint er yn Dublin in strjittedichter tsjin it liif. /…/ As [dy] safolle jier letter op ien fan syn strjitte-optredens dy Fryske skriuwer moetet, mient er de skriuwer is de Grinzer loverboy dy’t him syn leafde ûntrôve hat. /…/ Koartsein, ús poëet wol wraak. /…/ De wize sa’t Abma dat ferhaal útwurket, is spannend, by it thrillereftige ôf.

/…/ De kar foar de keunst foarmet yn ‘Ierse nimf’ de oare, twadde reis: dy fan it ik-personaazje Willem Abma, dy’t ferslach docht fan syn streuptochten troch it lân fan literatuer en poëzij.

/…/ Mei ‘In Ierse nimf’ op struktureel nivo net alhiel slagge wêze, op referinsjeel skôgjend mêd is de roman sûnder mis ûnderhâldend en nijsgjirrich, soks net yn it lêste plak troch Abma syn meinimmende styl fan skriuwen. Bykommend foardiel is dat elk dy’t mear witte wol oer de de dichter G. Willem Abma dizze reisroman tenei ek lêze kin as in yntroduksje op syn poëtysk oeuvre.
De Moanne/Trotwaer, Eeltsje Hettinga, desimber 2003


/…/ Wa’t nei Ierlân giet, nimt ‘In Ierse nimf’ mei yn de hânbagaazje as in literêre reisgids. Dat de rein troch de Ieren floeibere sinneskyn neamd wurdt, is fansels machtich om te lêzen. Nettsjinsteande dat Abma sels it mier hat oan reizgjen, sjocht er it belang der wol fan yn.
/…/ ‘Lêze is reizgje, mar wa’t troch Ierlân reizget, lêst it moaiste natuergedicht dat der bestiet. Elke dichter heart ien kear yn syn libben in reis nei Ierlân te meitsjen. Sa’t in Moslim nei Mekka giet.’ Mei de einkonklúzje dat it libben neat oars is as sykjen en swalkjen.

F-Side, Wieke de Haan, 22 april 2003


De nieuwe roman van de bekende Friese schrijver en dichter (1942) is mooi opgebouwd.
/…/ Centraal in het boek staat het schrijven. Van Proza /…/ maar vooral ook van van poëzie, waarbij de schrijver op de laatste bladzij concludeert: het gedicht is een daad, een zingeving; het levert bouwstenen voor identiteit. En daar is hij in het boek naar op zoek geweest, o.a. via die reis naar Ierland dat met zijn landschap, zijn mensen en vooral zijn poëzie prachtig beschreven wordt.

Nederlandse Bibliotheek Dienst, Jelle van der Meulen, 3 april 2003


/…/ Just dy grutte persoanlike ynset makket, as ik my net fersin, de fertsjinste fan In Ierse nimf út. It is in nijsgjirrich boek wurden, omdat G. Willem Abma ús op in autentike manear tagong jout ta allerhanne fasetten fan syn syktocht nei literêre sinjouwing.
Leeuwarder Courant, Jabik Veenbaas, 28 febrewaris 2003

In Ierse nimf
Jier: 2003
168 siden
ISBN: 90-73554-81-0
Oare boeken fan dizze auteur

In nacht yn de Andes

Omslachtekst G. Willem Abma (Folsgeare 1942) makke namme as romansier en dichter. Dizze earste bondel koarte ferhalen fan syn hân konfrontearret de lêzer mei de

Lês fierder »

De mafiaman

Omslachtekst G. Willem Abma (Folsgeare 1942) makke namme as romansier en dichter. Yn dizze psycho-thriller nimt er de lêzer mei nei de ûntheisterjende wrâld fan

Lês fierder »

Te fûnling

Resinsjes (fragminten) Dúdlikernôch, it fersewurk fan Daniël Daen/Willem Abma fertsjinnet in djipper omtinken oangeande de obsesjonele efter- en ûndergrûnen, lykas dat yn Hollân sa faken

Lês fierder »