dichtbondel

Tersk is de debútbondel fan Hein Jaap Hilarides. Guon fan dizze fersen waarden earder publisearre yn ’e literêre tydskriften Hjir en Trotwaer.

Resinsjes (fragminten)

Sa at ik al earder suggerearre ha leau ik wol dat dizze dichter wryt en slyt dien hat om dat wat er om him hinne waarnimt sa op papier te krijen en net oars.
/…/ Ik bin der hast fan oertsjûgee dat we yn in eventuele twadde bondel fan dizze dichter noch folle mear hearre sille oer famkes mei triennen, frommeskes mei titten en fammen ûnder stjerren en oars soe ik dat wol hiel sterk oanriede wolle!

Hjir, Jan Kooistra, juny 2001


Dit debút is net mear as in registraasje fan waarnimmingen fan in dichter op syn reis troch Fryslân. Tagelyk is de fisuele sizzenskrêft fan de dichter in sterk punt, sa’t yn it iepeningsfers fuort dúdlik wurdt (side 5): ‘fisk op asfalt / búkfin waait op.’ It soe dus skande wêze as Hilarides him net fierder ûntjoech. Syn dichterlik ‘ik’ soe tenei mear fan himsels sjen litte moatte om by de lêzer eat yn gong te setten. Koartsein: ‘Tersk’ is in moaie oefening foar in jonge dichter, mar hat net genôch ynhouten foar de rûtinearre poëzylêzer.
Leeuwarder Courant, Babs Gezelle Meerburg, 2 maart 2001


De fersen fan Hilarides binne slagge as hij in selektive kar út de waarnimmingen makket:

SEPTIMBERMIDDEI YN TÚN
houtdowen fleane beamkrún út
kastanje glipt út stikelskyl
rôlet troch fingerbêden yn
mosgers by stamme

/…/ Yn de bondel steane in pear slagge fersen, foar it meastepart makket de dichter him der te maklik ôf.
Trotwaer, Pier Boorsma, maart 2001, nr. 2

Tersk
Jier: 2000
48 siden
ISBN: 90-73554-58-6
Oare boeken fan dizze auteur