Te fûnling

Resinsjes (fragminten)

Dúdlikernôch, it fersewurk fan Daniël Daen/Willem Abma fertsjinnet in djipper omtinken oangeande de obsesjonele efter- en ûndergrûnen, lykas dat yn Hollân sa faken mei it wurk fan Achterberg bard is.
Leeuwarder Courant, Tjitte Piebenga, 11 febrewaris 2000


It s al earder opmurken: de dichter Abma hat ek syn swakke kanten. Guon fersen of parten derfan binne nei foarm en ynhâld net sa botte bysûnder. En just syn eigen pregram makket de dichter dêr kwetsber foar. Ommers in swak fers mei de dichter sels as ûnderwerp giet eins oer in dichter dy’t net dichtsje kin. Dus nearne oer.
/…/ Gelokkich steane dêr genôch fersen foaroer dy’t, binnen Abma syn poetica, àl wurkje. In fers as ‘foardracht’ (s.16) bygelyks kinne jo de bondel rêstich om yn ‘e hûs helje. Sterker noch, sokke fersen meitsje dat men ek yn ‘e oaren nochris better siket om de dichter dy’t fûn wurde wol.

Trotwaer, Liuwe H. Westra, july 2000, nr. 6


/…/Yndirekt lêze jo de striid fan dizze dichter oangeande maatskippij èn poëzij. De titel fan dizze nije bondel seit wat dat oanbelanget ek genôch. Dy stiet der net om ‘e nocht. Al lêzende fiele jo de eksistinsjele striid fan in dichter, fan in mins (fan dè mins?).
Kistwurk, Josse de Haan, 22 oktober 2000, nr. 1

Te fûnling
Jier: 1999
108 siden
ISBN: 90-73554-39-X
Oare boeken fan dizze auteur

In nacht yn de Andes

Omslachtekst G. Willem Abma (Folsgeare 1942) makke namme as romansier en dichter. Dizze earste bondel koarte ferhalen fan syn hân konfrontearret de lêzer mei de

Lês fierder »

De mafiaman

Omslachtekst G. Willem Abma (Folsgeare 1942) makke namme as romansier en dichter. Yn dizze psycho-thriller nimt er de lêzer mei nei de ûntheisterjende wrâld fan

Lês fierder »