Swarte ingels

roman

Dizze debútroman – mei as tema útsûnderlike leafde – is net mijen en keken, mar batst deryn.

Swarte ingels waard yn 2005 bekroane mei de Fedde Schurerpriis, de provinsjale priis foar in debút yn alle sjenres.

Resinsjes (fragminten)

Schoorstra lit mei syn earste roman noch ris sjen dat hy fertelle kin. ‘In oanwinst foar de Fryske literatuer?’ Moatte we dêr sa stadichoan net ris fan ôf? Swarte ingels is nijsgjirrich genôch, sa woe ik mar úthâlde.
Hjir, Joke Corporaal, april 2004


Net als in zijn verhalen weet de schrijver de lezer de roman in te trekken door een uitgebalanceerde en beeldende stijl van schrijven. Het liefdesverhaal tussen een broer en een zus speelt zich af in het decor van de jaren ’70 en ook dat decor is subtiel neergezet. Daarbij begrijpt niet alleen de hoofdpersoon, maar ook de lezer dat het hier om een onmogelijke liefde gaat, wat het verhaal spannend maakt.
Nederlandse Bibliotheek Dienst, Jelle van der Meulen, 25 maart 2004


Mar al gau die bliken dat it oarsom wie: de roman giet foaral oer de ûntjouwing fan in jonge yn ‘e jierren santich en de stikken no-tiid fan it begjin blike hiel koarte flashforwards te wezen, dy’t aaklich op harren plak falle as we oan de ein wer yn de tiid fan it no belâne binne. En de titel – dy’t mar ien kear yn it boek foarkomt – is dochs goed keazen, hy tsjut de magyske ynhâld fan it beskreaune oan: dat wat tsjuster en tagelyk ferheven is.
/…/ Schoorstra kin skriuwe. Hy hat pretinsjes, dy’t er wiermakket. Natuerbeskriuwings, it beskriuwen fan ferskillende ûnderfinings as it farren fan in boat op see, in dropping yn it tsjuster, it opheinen fan in tillefoanpetear tusken de heit en in ûnbekende minnares en syn ferwurkjen fan dat feit, dialogen tusken de húsgenoaten, it komt allegearre hiel natuerlik oer.
/…/ De skriuwer beskikt net alinne oer in moaie natuerlike styl; de komposysje doocht ek.
Farsk, Jetske Bilker, 2004 (nûmer 23)


Schoorstra jout it tema fan de ynsestueuze leafde op in knappe manier foarm. Op fernimstige wize wit er de lêzer hieltyd wer yn spanning te hâlden. Yn de earste haadstikken beseft de lêzer noch amper wêr’t it yn it boek werklik om giet. Mar sa en no lit de skriuwer subtile hints los, krijt er lytse tekentsjes taparte dy’t him nijsgjirrich meitsje nei de fierdere ûntjouwingen.
/…/ Mar it boek is yn mear opsichten slagge. Schoorstra syn styl is linich en bytiden hiel byldzjend.
Leeuwarder Courant, Jabik Veenbaas, 13 febrewaris 2004

Swarte ingels
Willem Schoorstra, Swarte ingels, roman
Jier: 2004
240 siden
ISBN: 90-73554-91-8
€ 16,50
Oare boeken fan dizze auteur
Willem Schoorstra, Ynwijing, gedichten

Ynwijing

poëzij Ynwijing Troch de mieden, dy’t de kleur fan de sinne opsobbe hiene, giene wy, heane tsjammen, knierjend tusken koartebroek en poddehier, ruters yn it

Lês fierder »
Willem Schoorstra, Berjochten út Babel, ferhalen

Berjochten út Babel

Hoe wreed, skrinend of humoristysk geane de minsken mei harsels, mei inoar om; mei har driften, langstmen en ferwachtings? De ferhalen yn dizze bondel beljochtsje

Lês fierder »