roman

Omslachtekst

Yn dizze roman fertelt in frou dy’t wurke yn ‘e psychiatry har libbensferhaal oan har oerbeppesizzer. Se hie in sterke bân mei in broer, lykas ek Willemyn van Gogh – dy’t  se ferpleegde – mei har broer Vincent hie. De beide susters wurde yn dizze roman tekene as susters yn ‘e ferpleging, de iene op bêd, de oare oan ‘t bêd.

Der giet in soad tiid mei hinne foar ‘t juffrou Van Gogh fan ‘t bêd en yn ‘e klean is. Guon dagen wurdt it neat, dan litte wy har lizze en komme letter, as de oare froulju ûnder sitte te iten, apart foar har nei boppen. Ite docht se net út harsels. Foar elke hap draait se de holle fansiden. As it oan har lei soe se ferhongerje.

Resinsjes (fragminten)

Foar my binne de moaiste stikken fan it boek dy’t geane oer hoe’t de hast hûndertjierrige Aukje Hoekstra yn it libben stiet. Op de ien of oare wize wurdt se delset as heart se der net echt mear by en besjocht se de dingen fan in ôfstân. Ik tink dat it ek sa wurket, ast sa âld bist.
/…/ Al dy tekoartkommings liede ôf fan wat it boek eins is: in soarchfâldich opboud ferhaal mei in ynteressante ynhâld, skreaun mei empatysk fermogen. Margryt Poortstra is foar Fryslân in wichtige en produktive auteur. Sy moat mear út har wurk helje wolle en it better redigearje en korrizjearje litte. Of besykje dat sels better yn ‘e macht te krijen.

Hjir, Meinou Piebenga, juny 2004

Lykas yn guon eardere romans fan Poortstra komt hjir de benaudens fan de kristlike eftergrûn mei de al dan net troch de haadpersoan sels opleine beheiningen dúdlik om ‘e hoeke. Aukje fielt har skuldich dat se eins ferromme wie doe’t ferloofde Reinder stoar. Mar dat mei net fan harsels en as in soarte fan boetedoening nimt se har foar: “Ik sil yn Ermelo sa hurd wurkje as ik kin”.
/…/ Margryt Poortstra hat mei dizze roman in prachtich stikje wurk delset. Se lit hjirmei in literêre riping sjen dy’t bewûndering fertsjinnet en benijd makket nei folgjend wurk.
De Moanne, Jitske Kingma, maaie 2004

Poortstra hat mei ‘Suster’ in moaie, yntelliginte roman ôflevere. Se bringt de beide froulju knap ta libben, en se smelt de twa libbensferhalen oan elkoar ta in hecht en subtyl kompositoarysk gehiel. Se jout har boek feart troch episoaden oer Willemyn en oer Aukje mei elkoar ôf te wikseljen, mar ek troch sprongen út it no wei nei earder tiid te meitsjen en troch bygelyks brieffragminten yn te laskjen. De tematyske ferbining mei ús eigen tiid wurdt dan noch fuortsterke troch it byld dat se de tusken de bedriuwen troch skets fan Marije, in jonge, hjoeddeiske frou, dy’t de kânsen krijt en pakt dy’t har oerbeppe ûnthalden waarden.
/…/ It slothaadstik, dêr’t de lêzer nochal hinne lutsen wurdt, wat altyd in goed teken is, makket se net katastrofaal, ek al lit se in ûngemak barre. Se brûkt it om har roman op in lichte, suver teare manear of te sluten, en de lêste side is poëtysk en effektyf. It liket wol oft Poortstra har romans hieltyd better wurde.

Leeuwarder Courant, 
Jabik Veenbaas, 19 maart 2004

Deze keer is het Aukje Hoekstra die haar levensverhaal aan achterkleinkind Marije vertelt. Tijdens researchwerk voor het boek stuiten ze op de naam van Willemien van Gogh. Er is weinig bekend over deze zuster van de wereldberoemde schilder.
/…/ We volgen beurtelings de (soms digitale) zoektocht van overgrootmoeder en achterkleinkind.
/…/ Boeiende doch enigszins fragmentarishce historie met soms te weinig dialoog. 

Nederlandse Bibiotheek Dienst, M. Claus de Jong, 25 maart 2004

Undanks de krampachtige konstruksje dy’t Poortstra nedich hie om Wil tusken it omslach te krijen is Suster in ynnimmend en meinimmend boek. Want wat is it moai skreaun en wat is it de muoite fan it lêzen wurdich. Absolut in weardich ûnderdiel fan har oeuvre. Mei libbene froulju dy’t útfine wat ambysje en ûntwikkelingsmooglikheden je wol en net bringe. En dy’t dêrachter komme wêr’t dan wol de geloksmomenten lizze en dy’t de kânsen op leafde bytiden gripe en bytiden slûpe litte.
Farsk, Lolkje Hoekstra, 2004 (nûmer 24)

Suster
Suster, Margryt Poortstra
Jier: 2004
208 siden
ISBN: 90-73554-90-X
Oare boeken fan dizze auteur
Eva, gedichten, Margryt Poortstra

Eva

dichtbondel Omslachtekst Yn dizze Frysk-Nederlânsktalige bondel oer in syktocht fan Eva, de mem fan alle libbenen, kriget it tema frou/mem/dochter stal yn útienrinnende froulike persoanlikheden.

Lês fierder »
roman, De loads, Margryt Poortstra

De loads

roman Omslachtekst Wy hawwe lake en balte, de hannen om ‘e mûle as in toeter. Oeral hawwe socht om in iepening: in doar dy’t net

Lês fierder »
Margryt Poortstra, koudvuur, roman

Koudvuur

roman (Hollandse vertaling van de Friestalige roman Kâldfjoer) Omslagtekst Over de auteur en de Friese versie van Koudvuur: Poortstra heeft met deze sterke roman een nieuw

Lês fierder »
Margryt Poortstra, kâldfjoer, roman

Kâldfjoer

roman Omslachtekst ‘Fan ûnderen nei boppen wurkje ik, fan achteren nei foaren. Ik moat my ôfgryslik ynspanne om alles wer foar eagen te krijen. Mei

Lês fierder »
Suster, Margryt Poortstra

Zuster

roman (Hollandse vertaling van de Friestalige roman Suster) Omslagtekst Tijdens een logeerpartij bij haar zwangere achterkleindochter Marije vertelt de bijna honderdjarige Aukje over de jaren die

Lês fierder »
Nomade, Margryt Poortstra

Nomade

fersebondel Resinsjes (fragminten) Nomade ferskynde op 7 july 2006, ik wit it noch, want ik wie ‘krekt op ’e tiid’ en krige in ‘goede reis’ mei

Lês fierder »