Resinsjes (fragminten)
In bondel gedichten foar de leeftyd 10-14, dy’t yn 2005 it ljocht seach by Frysk en Frij en dy’t in bytsje tusken de wâl en it skip falt, want ik sjoch him net stean op de lange list fan de Gysbert Japicx-Priis 2009 foar poëzy. It lytse net achtsje, dat leit my net en ik tink datst it mei my iens bist dat ik der hjir op dit plak even oandacht oan jou. It omslach is fan Peter de Boer en it boekje hat in bûsformaat. Soest ferwachtsje dat it om fersen giet mei 160 tekens/spaasjes, lykas yn nrc.next in tiid lang stien ha, sa begjint it hast al:
Ik SMS dy hjoed in fers
want heale wurden sizze soms net folle.
Der sitte altyd sinnen yn myn holle
dy’t der dan út en nei papier ta wolle.
En klinkt it goed, dan tink ik ‘Yes’;
dêrom: ik SMS dy hjoed in fers.
Mar nee, de bondel befettet klinkende gedichten mei de skoallejeugd as ûnderwerp, hâldt meast it perspektyf by in ik en hat in blier karakter. In twadde modern kommunikaasjemiddel komt oan bod op side 29:
MSN
Ik fyn de wrâld yn MSN,
online sjoch ik jim sitten;
jim rammelje it toetseboerd,
’t is lekker drok en hektysk hjoed.
De moarn giet yn ’e dei ferlern.
Ik babbelje yn MSN,
wy ha de measte wille;
guon ken ik wol, guon ken ik net,
mar ’k iepenje myn iensum hert.
De middei yn ’e dei ferlern.
Ik libje troch myn MSN,
wat soe ik oars ek moatte;
se bringt op ’t lêst wat sjips en fris,
– net prate mem, online a kiss -,
Yn skimerjûn de dei ferlern.
Ik bin myn eigen MSN,
online sjochsto my sitten;
ik haw in digitale date,
yn ’t skerm grypsto myn lichem beet.
Yn ’t tsjuster giet de nacht ferler,
Ik toets myn langst yn MSN,
fan dei en nacht gjin noasje;
oant mem my by de hannen pakt,
de stekker skuort út it kontakt.
Alwer in dei yn tiid ferlern.
Jelle Bangma (* 14 maart 1955 yn Smellebrêge) is in tûzenpoat, sizze de googlesites, in sportyf figuer en hy stiet midden yn ús tiid mei syn skriuwen. (jqs)
Oer tûzenpoat Bangma skriuwt Jelle van der Meulen op syn moaie webside fol mei Fryske skriuwers: ‘Bangma maakt het (mei SMS in fers, edg) de jeugd niet moeilijk, de gedichten zijn bijna allemaal meer liedteksten dan poëzie, compleet met refreintjes als “Elkenien is toets-o-fyl / want de hiele wide wrâld is no mobyl”, zoals het klinkt in ‘Mobyl’, het eerste gedicht van de bundel. De onderwerpen staan ook dicht bij de jeugd: het mobieltje, msn’en, leuke feestjes met breezers, erge feestjes (een zwembadfeestje!), een vakantie naar Vlieland waar ‘hij’ komt.’
Bin ‘k in âld sek as ik sis dat de gedichten my net folle sizze? Komt dat om ’t SMS, MSN en twitterje my neat sizze? Faaks al, mar ek om ’t de gedichten, hoe floeiend en muzikaal ek, my net echt in clou biede, in punt. It bliuwt by my net hingjen. Al hoe aardich ek dat Bangma omtinken jout oan dizze groep, ik wol leauwe dat “SMS in fers” net de ûnferwachte outsider is foar de GJP. (edg)
ensafh., Frysk literêr tydskrift, jiergong 1, nûmer 6, Jacobus Quiryn Smink/Edwin de Groot, oktober 2009
/…/ Pubergefoelens spylje in rol, en humor fansels. It type dat yn de ferskes spilet (meastentiids as ‘ik’) is dat fan de grutte bek en it lytse hertsje: it sympatike type dus, maklik ynfielber. Der wurdt ynspile op aktuele problemen (lykas sinleas geweld, ytproblemen, grafitti, depresje) mar it ‘boadskip’ leit der net te tsjok op, om’t it perspektyf trochstrings by in ‘ik’ leit. It tal gedichten oer muzyk en oer leafdesfertriet oerhearsket. Yndy lêste kategory oppenearret him dat lytse hertsje as ‘it iensum hert’ of ‘it ûnrêstich hert’. Ik betwifelje oft sa’n oantsjutting yn de ‘belibbingswrâld’ fan hjoeddeiske 10-14-jierrigen past. Dat is, tinkt my, ek in bytsje it probleem fan dit boekje: gedichten foar binn’ noch gjin gedichten fan. En ik bedoel dan: sjoen as eigen. Alle yngrediënten sitte deryn, mar net altyd is de ‘pointe’ like sterk. /…/ Dy snypsnaren nimme net wei dat Jelle Bangma faak de juste toan en sfear te reitsjen wit.
/…/ En ik ha troch dit bondeltsje in kostlik nij Frysk wurd leard: fifelfûferijen. In synonym foar babbelegûchjes. It stiet net yn it wurdboek, mar it moat der yn ‘e folgjende printing perfoarst by.
Leeuwarder Courant, Harmen Wind, 27 jannewaris 2006