Sloppe Opels

ferhaleroman
debút

Yn dizze ferhaleroman fytst Sipke Blom hurd troch fulkanyske oarden: de Greidhoeke, de Golden Raand fan Grinslân, de Drintse heide, Praach, New York. Yn achterfolging. Syn âld-skoalkammeraat Reinder Beetstra gong in oare kant út, mar krúst bytiden syn paad. Der wurdt mei in iroanysk each sjoen nei de erupsjes en it dôvjen: heabroei, oarlochsfouten, jongesspultsjes, doping en eutanasy, moadegrillen, polityk ferfal, ûnbehelpsumens, ferfrjemding by it âlder wurden.
En dat allegearre sûnder help, as such.

Resinsjes (fragminten)

In deze Friese ‘roman in verhalen’ komen twee vroegere schoolkamaraden elkaar weer tegen: de een, Sipke Blom, is arts en oud-wielrenner en de ander, Reinder Beetstra, is wethouder. In een gespannen sfeer worden voorvallen uit het verleden opgerakeld die kenmerkend zijn voor de volgende verhalen. Beide hoofdpersonen zijn mensen die met het moment hun houding en mening bijstellen, wat tot wederzijdse argwaan leidt. Het gevoel overheerst dat er tussen beiden diepere gevoelens zijn die niet worden uitgesproken. Dit debuut van de Friese schrijver (1946) is een aanwinst voor de Friese literatuur. Met een ironische blik wordt er gekeken naar maatschappelijke vraagstukken en de soms wrange ondertoon van de schrijver leidt tot komische fragmenten die het lezen van de verhalen bijzonder aantrekkelijk maken.
Nederlandse Biblitheek Dienst, Sjirk Wijbenga, 20 juny 2002


/…/ it ferget de lêzer op meidwaan en meitinken en it oplossen fan ferwizings nei de histoaryske werklikheid fan benammen de sechstiger en santiger jierren. Van der Hem docht dat yn in tige rike, beslipe styl dy’t sunich mei de wurden omgiet.
/…/ It debút fan Van der Hem is in nijsgjirrich, goed skreaun boek. It is sa’n boek dat elkenien skriuwe wol oer wêr’t er weikomt en hoe’t er sa wurden is. It is net folle minsken jûn en wurdt mei sa’n boek ek skriuwer, want de falkûlen binne der by ‘t seksje. Dizze skriuwer hat bewiisd dat er genôch distânsje hâlde kin en sa goed bouwe dat it nijsgjirrich makket nei mear. Ek graach mear fan dat prikeljende, yntelliginte omgean mei taal en it foar fol oansjen fan de lêzer.

Friesch Dagblad, Tsjerk Veenstra, 15 maaie 2002


In pakkende titel, in flitsend omslach, yn stikjes knipte, filmyske ferhaalflarden, twa losers en in fertelwize dy’t je oanset om iderkear werom te blêdzjen – dat binne de yngrediënten dy’t it romandebút fan Bouke van der Hem op smaak bringe. Hy skriuwt al tritich jier, hat er yn ferskillende ynterviews witte litten, mar dat binne saaklike teksten. Sûnt 1998 hat er de literêre pinne oppakt. Hy is fan doel dy foarearst net wer del te lizzen. Mar goed ek, Van der Hem jout de literatuer mei Sloppe Opels sûnder mear wat nijs.
/…/ Mei noch wat mear moed, djipgong en karaktertekening soe dizze roman noch folle better foldwaan. It is in debút fan in skriuwer mei potinsje dy’t neffens my better kin en ek better wurde sil. Dêrfoar lit syn boek genôch ûnthjit sjen.

Trotwaer, Jitske Kingma, maaie 2002


Troch koarte, grappige tafoegings en gedachtespronkjes wurdt de lêzer noflik ûnderhâlden.
/…/ It boek stekt de gek oan mei de fanselssprekkenheid dêr’t minsken harren sprektaal troch alderhanne quotes mei ferrinnewearje. In dooddoener lykas Think global, act local past fansels ek presys by in útranzjearre politikus, dy’t yn it boek te kyk en te kak set wurdt. In boek foar ien dy’t sterk assosjearje kin, fan irony hâldt en iepen stiet foar krypto-achtige gedachtesprongen.

F Side, Wieke de Haan, 30 april 2002


/…/ út allerhanne perspektiven wei en mei tapassing fan gâns ferskaat oan stilistyske metoaden bringt er syn tematyk nei foaren. Syn wurkwize hat wat lichtfuottichs en subtyls; de koarte episoades binne bytiden hylarysk. Dy wurkwize hat potinsjeel it risiko dat er ferglidet yn it kabaretteske. Mar op inkelde plakken nei wit Van der Hem oan dat risiko te ûntkommen troch it tsjustere, synyske patina dêr’t er syn personaazjes mei beklaait. It glâns glimt hjir net allinnich, it hat ek skerpe rânen. Van der Hem toant yn syn debút hiel wat stilistyse souplesse en hy hâldt ek de komposysje fan syn wurk goed byelkoar, oant en mei de wrange slotsin: /…/ ‘Sûnder help, as such.’ As dizze skriuwer der yn slagget om net allinnich syn eigen toan, mar ek syn aaklike ûndertoan te behâlden, kinne we grif noch moaie dingen fan him ferwachtsje.
Leeuwarder Courant, Jabik Veenbaas, 12 april 2002

Sloppe Opels
Jier: 2002
132 siden
ISBN: 90-73554-75-6
€ 12,00
Oare boeken fan dizze auteur

It Poadiumbeest

roman Omslachtekst Yn It Poadiumbeest wurdt earst it ûntstean en deablieden fan in popgroep út Fryslân yn de jierren ’60 en ’70 beskreaun. De ûntdekkingstocht

Lês fierder »