Au revoir 1934
Reizigers 1935
Quatre mains – Gedichten van Bert Bakker en Barend de Goede 1932-1943
Dizze digitale útjefte omfiemet de Samle fersen fan Bert Bakker, dichter en direkteur fan Utjouwerij Bert Bakker.
De ynhâld fan ’e trije bondels is hjir digitaal te lêzen. De orizjinele opmaak – yn fierhinne Nije Styl fan doe – is oernommen, in genot foar it each. Klik op ’e ôfbylding.
De Samle fersen fan Bert Bakker (Huzum 1912-Ilpendam 1969), dichter en direkteur fan útjouwerij Bert Bakker. De ynhâld fan ’e trije bondels is hjir digitaal te lêzen, de orizjinele opmaak – yn fierhinne Nije Styl fan doe – is oernommen, in genot foar it each. Klik op ’e ôfbylding.
Bert Bakker sr. siet yn ’e yllegaliteit dêr’t Frysk en Frij ek út fuortkomt. Syn omke Paul Bakker wie de drukker fan ’e yllegale Trouw en soe dat mei de dea bekeapje. En fia Trouw-rûnten waard it yllegale pamflet Frysk en Frij ferspraat.
De Bakkers binne maten fan ’e frijheidsstrider Fedde Schurer – doedestiids skoalmaster te Amsterdam; dy stiet mei de Befrijing op 7 maaie 1945 neist syn fersetsmaat Popke Sjoerd Mientes Bakker op ’e Dam te feestfieren, even letter wurdt Popke Bakker troch de Dútser deasketten.
Sjoch:
–Bert Bakker (uitgever) – Wikipedia
–Bakker, Bert, Schrijvers en dichters (dbnl biografieënproject I), G.J. van Bork – DBNL
Correspondentie Bert Bakker (Maatstaf, 1964-1969) – De open ruimte (cornetsdegroot.com)
Genealogy Sjoerd Popkes Bakker – Erfgoed Fundaasje
Dizze útjefte kaam ta stân mei stipe fan ’e Boersma-Adema Stichting, Ljouwert.