fersen
Omslachtekst
Sjoch ik de reiden oan ‘ e stream,
de einen dy’t ‘k by namme neam,
it paad dêr’t ik wol gauris kom,
mei pypkeraai en bûterblom,
dan sis ik yn in tankber wurd:
Myn God, wat is Jo almacht grut
Jo kenne dit sûnt oerbegjin,
Jo skepping, dêr’t ik ien mei bin.
Dit is de sechsde fersebondel fan Swaantsje Duursma (Weinterp 1928).
Resinsjes (fragminten)
Prachtich en nommel fyn ik dat in frou fan dizze âldens en mei fansels in soad libbensûnderfing sa blier mei elke blom, elke fûgel en elk wurd omgiet. Nearne sprekt in sfear fan lulkens, fan wurgens of fan sielestekken. Gol komt hja oer. Yn ferwûndering oer elke dei dy’t op ‘e nij berne wurdt.
/…/ Dy ynstek makket dat har dichtbondel in eigen sfear ademt.
Nieuwsblad van Noord-Oost Friesland, Jelle Raap, 21 july 2000
De nije bondel fan dizze Fryske Nel Benschop, sil troch har lêzerspublyk yn tankberens en blidens ûntfongen wurde. En de leafhawwers fan Duursma har wurk sille nei ‘t lêzen fan de fersen net teloarsteld wêze, want se krije wat ferwachte wurdt: ienfâldige religieus tinte natuerlyryk.
Sneeker Nieuwsblad, Henk van der Veer, 14 augustus 2000
Vrijwel alle gedichten zijn geïnspireerd door de natuur en het Christelijk geloof.
/…/ Wat opvalt is een blijmoedige sfeer, vol verwondering over elke nieuwe dag en alle planten, dieren en mensen daarin. Het taalgebruik is sober en eenvoudig. Door de thematiek vooral geschikt voor een Christelijke lezerskring, eventueel te gebruiken bij openingen en sluitingen van bijeenkomsten.
Nederlandse Bibliotheek Dienst, R.A. Wagenaar-Duursma, 26 oktober 2000
Fierder
Op 18 july 2000 vond de presentatie plaats van de nieuwste dichtbundel van zr. Zeinstra-Monderman./…/ Het is een bundel vol verwondering, dankbaarheid en bemoediging./…/ Wij lezen onder meer dit gedicht:
By brea en wyn
In sneintemoarn –
dêr middenyn, de tafel feestelik oerdutsen
en niis binn’ ta ús Jezus wurden sprutsen:
Wol dit ta Myn oantinken dwaan.
Elk fielt him roppen om it brea,
– soarchfâldich brutsen –
de wyn, stil oan ‘e neiste troch te jaan.
‘k Sjoch fjouwer hannen, dy’t yn ien gebeart,
skûtel en tsjelk mei it wyt kleed oerdekke
en ‘k wit: God lit it my oan neat ûntbrekke.
Dit nachtmiel hat Er neist my stien,
myn sûnden fuortdien,
ien foar ien.
Tsjerkeblêd Christelijk Gereformeerde Kerk Burgum, septimber 2000