fersebondel

Resinsjes (fragminten)

Nomade ferskynde op 7 july 2006, ik wit it noch, want ik wie ‘krekt op ’e tiid’ en krige in ‘goede reis’ mei fan Margryt; stiet foaryn myn eksimplaar. De bondel is tsjok mei sa’n lytse hûndert siden en is útjûn troch Frysk en Frij fan Goasse D. Brouwer. De skriuwster hat grif sa’n tsien jier oan it garjen west, want Eva kaam yn 1997 út. ’Dit is gjin fleurige poëzy’, skreau Harmen Wind yn syn krityk yn de Ljouwerter. It lêste fers fan de syklus Do nûmer VI op side 33 giet sa:

Dat de druven as prommen sa grut
en de sinne oant jûns let om ús hinne
de strjitten fan goud, rivieren fan libben.

Mar sûnder dy; en noait
wol it ferline oer de grinzen hinne
fan dy oare moarn; ûnwennich
dat ivige gat fan ferlies.

Dat de beammen oant yn ’e loft
en de nachten ljochtsje as stjerren.

Dat it wetter ús folget
foar de toarst dy’t noch komt.

It fers lit him lêze as in beswarring. It sil bestean, mar ja, de dwerslizzer sit yn strofe twa. In dissonant eins dy’t net sa poëtysk is, him ommers tinke lit tusken de evokaasjes en dy’t yn de lêste strofe oerwûn wurdt mei in dimmen winsk foar ús lêste eintsje libben. Strofe twa is yndie net fleurich.

Poortstra’s lêste poëzybondel stie yn de poll fan Oranzjery De Kopspiker oer de Gysbert Japicx-Priis 2009 foar poëzy yn maart by de top fiif. Letter mar ris sjen wat Wobbelke sein hat. (jqs)

Yn de twadde strofe lês ik ferlies en dat de dichter sa net fierder wol (dat it ferline ophâldt , want net mear oan in oare dei takomt). P. skriuwt net de oare moarn mar dy oare moarn. In spesjale moarn? Ik wit it net, soe hja in sekere moarn yn gedachten hawwe? It soe samar kinne dat hja harsels in ultimatum steld hat. Ik besykje it salang sûnder dy oar en as it dan noch net wend is, dan is it út. Hoe oars kin sy sizze dat dat ivige gat fan ferlies ûnwennich is. Dy konklúzje kin men pas lûke nei in sekere tiid. De earste, tredde en fierde strofe komme my yn boppesteand ramt foar as kin sy net mear genietsje fan al it moais dat der is, sûnder de dy. It sinneljocht om harren hinne, de ljochtsjende nachten en de toarst (hertstocht). (edg)

Oan Margryt Poortstra (* 18 maaie 1953 yn Harns) hjir it lêste hertstochtlik wurd, want se dichte net ien liet oer de leafde, mar wol mear (s. 58): (jqs)

LEAFDE – IN LIET

In krûdige wyn yn ’e maitiid is leafde,
flústerjend wetter tsjin ’e wâl,
kitelje en tuteboartsje, mear
en tearder noch, in núnderjen,
in op ’e boaiem lizzend liet.

In widzjende kleaune fan wolken is leafde,
stielblauwe loft by simmerdei,
en op bleate fuotten drave, gers
as flierkleed, moas, in tinen en
in yn ’e ierde kymjend sied.

Leafde is mei losse hannen, iepen earmen,
fleane kinne, gean dêr’t ek de fûgels binne,
stean dêr’t ek de blommen stean.

It bitende sear fan ’e wûnen beslikje,
stjerrende kâld as noardewyn,
en op gleone koalen rinne, fjoer
oanblaze, brân, in lôgjen en
in yn ’e ûne riizjend brea.

Ferdylgjende planten it waaksen ferbiede,
wyldgroei en skimmel, luzich blêd,
en oer iere druven drippe, ljocht
trochlitte, sêft, in streamen, sels
net mear te kearen troch de dea.

Leafde is mei waarme herten, iepen longen,
sjonge kinne, heger as de bergen binne,
stean dêr’t ek de beammen stean.

ensafh., Frysk literêr tydskrift, jiergong 1, nûmer 6, Jacobus Quiryn Smink/Edwin de Groot, oktober 2009


/…/ Margryt Poortstra is foar my de dichteres fan krêftige, paradoksale rigels dy’t de lêzer reitsje. Dêr binn’ wer ferskate foarbylden fan/…/
/…/ Har poëzy is faak as ‘sober’ karakterisearre. Yn dizze tiid fan neo-retoryk (wat wieldiger wat better) in pluspunt. Dochs fyn ik guon fersen yn ‘Nomade’ te praterich-wiidweidich, oare te kryptysk, en se herhellet harsels tefolle.
/…/ Koartsein: dizze nijsgjirrige bondel hie nóch sterker west mei mear selskrityk en minder wurden.

Leeuwarder Courant, 1 septimber 2006, Harmen Wind


Gedichtenbundel bestaande uit 7 afdelingen en een intro, met als centraal thema het reizen als metafoor voor het leven. In sobere, suggestieve bewoordingen doet de auteur verslag van het nomadenbestaan van de mens met veel symboliek. Hierdoor niet direct toegankelijk voor een groot lezerspubliek. Pas door goed lezen en herlezen zal men deze verzen ten volle gaan begrijpen en waarderen. /…/ 
Nederlandse Bibliotheek Dienst/Biblion, 10 oktober 2006, R.A. Wagenaar-Duursma

Nomade
Nomade, Margryt Poortstra
Jier: 2006
100 siden
ISBN: 90-8566-013-0
€ 35,00
Oare boeken fan dizze auteur
Eva, gedichten, Margryt Poortstra

Eva

dichtbondel Omslachtekst Yn dizze Frysk-Nederlânsktalige bondel oer in syktocht fan Eva, de mem fan alle libbenen, kriget it tema frou/mem/dochter stal yn útienrinnende froulike persoanlikheden.

Lês fierder »
roman, De loads, Margryt Poortstra

De loads

roman Omslachtekst Wy hawwe lake en balte, de hannen om ‘e mûle as in toeter. Oeral hawwe socht om in iepening: in doar dy’t net

Lês fierder »
Margryt Poortstra, koudvuur, roman

Koudvuur

roman (Hollandse vertaling van de Friestalige roman Kâldfjoer) Omslagtekst Over de auteur en de Friese versie van Koudvuur: Poortstra heeft met deze sterke roman een nieuw

Lês fierder »
Margryt Poortstra, kâldfjoer, roman

Kâldfjoer

roman Omslachtekst ‘Fan ûnderen nei boppen wurkje ik, fan achteren nei foaren. Ik moat my ôfgryslik ynspanne om alles wer foar eagen te krijen. Mei

Lês fierder »
Suster, Margryt Poortstra

Suster

roman Omslachtekst Yn dizze roman fertelt in frou dy’t wurke yn ‘e psychiatry har libbensferhaal oan har oerbeppesizzer. Se hie in sterke bân mei in

Lês fierder »
Suster, Margryt Poortstra

Zuster

roman (Hollandse vertaling van de Friestalige roman Suster) Omslagtekst Tijdens een logeerpartij bij haar zwangere achterkleindochter Marije vertelt de bijna honderdjarige Aukje over de jaren die

Lês fierder »