Neierhân

dichtbondel/samle fersen

Mei in ynlieding fan Tineke Steenmeijer-Wielenga en in taljochting, boarneopjefte en bibliografy fan Goasse D. Brouwer. Twatalich, Frysk en Nederlânsk wurk

Resinsjes (fragminten)

‘Neierhân’ jout in moai byld fan hoe’t in dichter ta groei komme kin. Dat Peanstra dêrfoar de fersen – dy’t nea bedoeld wiene om út te jaan – frijjûn hat, tsjûget fan in iepenheid dy’t jo ek yn har gedichten tsjinkomme.
/…/ Om’t hja it dichtsjen brûkt as manier fan ferwurkjen wat der yn har en om har hinne yn ‘e wrâld bart, kin ‘Neierhân’ ek yn bredere kontekst jilde as in moai tiidsdokumint.

Friesch Dagblad, Gerbrich van der Meer, 8 maart 2000


Wat moat ik mear oer ‘Neierhân’ sizze? Neat oars as dit: in prachtige tinkstien! 
Leeuwarder Courant, Tjitte Piebenga, 14 april 2000


Tsjits Peanstra op ‘e tried. Se docht mear as har keunsten fertoane. Se lit harsels sjen. Sadwaande is Neierhân mear as in monumint. It is in libbensaventoer. En dêr sjitte poëtyske mjitstêven gauris tekoart. Faaks is yn dizze útjefte wat te folle opnaam. Mar dat der út har ferskaat mar ien fers (In memoriam – foar Anne) trochkrongen is ta de Spiegel van de Friese poëzie, docht har perfoarst, ek literêr-kwalitatyf sjoen, te min rjocht.
Trotwaer, Harmen Wind, april 2000, nr 3


De verzen zijn geschreven in de periode van 1946 tot 1999 en vertonen een duidelijke ontwikkeling van traditioneel naar meer eigentijds. Thema’s: de liefde en al haar perikelen, aandacht voor mensen in een ‘underdog’ positie, verzen over het werk in de verpleging, reisverzen en gedichten over kunst. De waarde van de bundel ligt minder in de technische vaardigheden van de dichter, als wel in de menselijke kwaliteit die uit de verzen spreekt.
Nederlandse Bibliotheek Dienst, A.I., 18 augustus 2000

Neierhân
Tsjits Feanstra, neierhân, samle fersen
Jier: 1999
512 siden
ISBN: 90-73554-43-8
€ 35,00
Oare boeken fan dizze auteur

Dûbel tij

Tekst: Tsjits Peanstra en Jelle Bangma Yllustraasje omslach: Tsjits Jonkman, Raerd (B.) Gedichten op de omslach PROLOOCH Se lit gedichten dûnsje út har hân, se

Lês fierder »