Meande wurden

‘Meande wurden’ is de namme fan in gearwurkingsprojekt fan dichter Pim Rodenboog en skilder Doet Boersma. It bestiet út in boek en in útstalling. It kreaze boekwurkje, útjûn troch Frysk en Frij, omfettet tsien fersen fan Rodenboog en tolve skilderijen fan Boersma. De skilderijen en gedichten binne fan 4 novimber oant en mei 16 desimber tentoansteld yn it Coopmanshûs te Frjentsjer.
De iene helte fan de skilderijen is spesjaal makke by de fersen, by de oare helte hat de dichter har ynspirearje litten ta it skriuwen fan poëzij. de gedichten en skilderijen steane lykwols hielendal op harsels. It iene is gjin yllustraasje of byskrift fan it oare. 

Ut: Leeuwarder Courant, 3 novimber 2000

Resinsjes (fragminten)

Fan myn krityk op har wurk sil Boersma net in soad wizer wurde: ik fyn har skilderijen ‘gewoan’ moai. Mar ik haw spitigernôch gjin wurdearringswurden dy’t fris en oarspronklik klinke, dy ûntbrekke yn myn fokabulêr.
/…/ It is no noch te betiid om in fundearre oardiel oer it wurk fan Rodenboog te jaan. Dêrfoar is in oantal fan tsien fersen, yn in oars kreas fersoarge bondel, ek te meager. Mar dat Rodenboog in dichter mei literêre potinsje is, dy stelling doar ik wol oan.

Trotwaer, Henk van der Veer, maaie 2001, nr 4


It is echt sa’n boekje om te hawwen en foaral om it iepenslein lizzen te hawwen, byg. op sa’n pleksiglêzen hâlder dêrst ek sa moai in itensiedersboek op iepenslein hâlde kinst, sûnder dat it wer tichtflapt. Yn pleats fan in bosk blommen alle wiken in farsk skilderij mei gedicht.
/…/ De layout fan it boekje slút prachtich oan by it gehiel en ek de pastelkleurige ûndergrûn dêr’t de gedichten op ôfprinte binne, is mei soarch útsocht. /…/

F-side, Wieke de Haan, 22 maaie 2001


De dichter leeft zich in haar natuurgedichten uit in metaforen. Ook de gevoelens van mensen spelen een rol. De schilder verbeeldt de natuur zowel impressionistisch als abstract, en gebruikt als techniek acryl op linnen, met prachtige sprekende kleuren. Beeld en woord bevatten dezelfde rust en emotie die uit kan gaan van de poëtische natuur.
Nederlandse Bibliotheek Dienst, 8 febrewaris 2001

Meande wurden
Jier: 2000
32 siden
ISBN: 90-73554-57-8
Oare boeken fan dizze auteur