Se leaude him
‘Wat dochst wol mei him?’
‘Ik sit net oan him, as jo dat bedoele.’
Ja, dat bedoelde se. Mar dat wie it net allinnich.
Sa moast mear witte, dit wie net genôch.
Wat seit er allegear tsjin de jonge, wat foar
ideeën bringt er him by?
Resinsjes (fragminten)
Net allinne it ûnderwerp makket dat dit boek yn ús lyts literêr rûntsje in bysûnder plak ynnimt. De karakterisearring fan de personaazjes en de opbou fan it ferhaal twinge ek respekt ôf.
/…/ Der binne ek steurende fasetten, foar my alteast. Hoe poëtysk it taalgebrûk ek is, yn de rin fan it boek krijt men genôch fan al dy metafoaren.
/…/ ‘Lytse roman fan Jon Fels’ soe der ta bydrage kinne dat mei oare eagen nei pedofily sjoen wurdt. Dat is winst. It ferhaal is mei ynmoed skreaun. Om dy twa dingen fertsjinnet it boek allinnich al om lêzen te wurden.
De Moanne/Trotwaer, Meinou Piebenga, maart 2003
It tema is net allinnich pedofily, sintraal stiet earder in samling relaasjes. As tema soe men neame meie /…/ it probleem fan ‘e oanfurdiging fan Mem har nije freon troch soan Jon en it ferwurkjen fan ‘e relaasje mei de ferstoarne heit. Mar der binne mear karakters yn dit rike boek
/…/ In resinsint dy’t him ferskûlet achter de moraal soe dit in ‘dapper boek’ neamme, mar dêr giet it hieledal net om. Mei syn morele problematyk, syn lapidêre styl, syn symbolyk, is dit in MOAI boek. Mei ‘Lytse roman fan Jon Fels’ en ‘Sloppe opels’ hat Utjouwerij Frysk en Frij /…/ de twa moaiste boeken út de Fryske literatuer fan 2001 en 2002 publisearre!
Farsk, Justus (Eric Hoekstra), 2003 (nûmer 12)
Ynhâldlik ferrint de opbou fan it ferhaal lykwichtich, mar wat de foarm oanbelanget springt it perspektyf wolris te hastich fan ‘e iene persoan nei de oare. Dat hellet betiden de feart út it ferhaal en soms wurdt earst yn ‘e rin fan in passaazje dúdlik wat dat persektyf krekt is. It foardiel fan dy montaazjetechnyk is wol, dat langtriedderichheid foarkaam wurdt. Mar dy minder sterke punten dogge gjin ûnderstek oan de konstatearring dat it hjir om in slagge debútroman giet. It meast yn it each rint fandatoangeande de styl fan it boek, mei gefoel foar sfeartekening en fyn ynleine psychology. De skriuwster fan dat debút is yntusken al oer de fiifensantich en wie oant no ta allinnich bekend fanwege har gedichten. Mar men mei hoopje dat se har nochris oan proaza fan in beskate langte weaget.
Hjir, Redbad Veenbaas, juny 2003
/…/ It is de skriuwster slagge en bring har figueren sa ta libben dat wy se sympatyk fine en leauwe kinne yn wat se sizze, dogge en binne.
/…/ It is dúdlik wêr’t se foar kiest: it net-bedoarne en waarme, it swakke en aardige, sûnder lykwols sentiminteel te wurden.
/…/ In mem en in pedofyl, dat is wetter en fjoer, mar yn dit ferhaal giet Feare wol wat maklik troch de bocht en fertrout se him op syn wurden.
Friesch Dagblad, Tsjerk Veenstra, 3 april 2003
Troch de psychologyske ûntwikkeling fan de haadpersoan, it gebrûk fan wikseljende perspektiven en libbensechte dialogen te ferbinen mei de typyske Aggie van der Meer-eleminten as ‘De Ivige’ hat Aggie van der Meer in hiel persoanlik, werkenber en goed nei te kommen ferhaal skreaun.
/…/ Al liket de homofile leafde en/of seksualiteit yn de Fryske literatuer in akseptearre fenomeen te wêzen, dat fan de pedofily is dat perfoarst net. Yn dit boek gjin feroardieling fan gefoelens.
/…/ in skitterjend boekje. En as ik sis boekje, dan ha ik it oer it formaat fan dizze útjefte.
Kistwurk, Elske Schotanus, maart 2003
Deze roman geeft inzicht in het rouwproces van een 9-jarige jongen om zijn overleden vader. Tegelijkertijd behandelt het op integere wijze het thema pedofilie vanuit het gezichtspunt van pedofiel, ouder en kind. /…/ Een poëtische roman die gedetailleerd inzicht geeft in de achtergronden van verschillende sociale vraagstukken. Als lezen in het Fries gebruikelijk zou zijn op middelbare scholen, zou dit een geschikt boek zijn om te behandelen met jongeren vanaf een jaar of 16.
Nederlandse Bibliotheek Dienst, Loes Madern, 2 januari 2003
Har bysûndere byldzjende talint brûkt se bytiden hiel effektyf. Guon passaazjes, en dan neam ik bygelyks de slotalinea’s, krije in tichte poëtyske lading. Van der Meer har moralisme, dat my yn ‘De stêd, it bist, de ingel’ steurde, oppenearret him yn dit boek aldergeloks minder sterk/
…/ Aggie van der Meer moat har moralistyske oanstriid bedimje en har op himsels rynske byldzjende krêft mei dosearring brûke, mar as se dat docht ûntsteane der ek yn har proaza bysûnder dingen. /…/ in mear as nijsgjirrich proazadebút.
Leeuwarder Courant, Jabik Veenbaas, 8 novimber 2002
Lês hjir oer de Hollânstalige oersetting fan it boek