Karel en Elegast

herdichting fan ‘e midsieuske ridderroman Karel ende Elegast

Omslachtekst

De earste tekst fan ‘e bekendste midsieuske ridderroman, Karel ende Elegast, is fan om 1200 hinne; dêrmei is it wurk ien fan ‘e âldste literêre produkten yn it Nederlânske taalgebiet.

Striid, wrok, rimpene rûgens, lytsachtsjen fan ‘e frou, tekenje de Karelromans; mar allyksa de ienfâldige, bernlike frommens en it betrouwen yn de Hear, ek yn ‘e sin fan absolute trou oan de hear. Yn dit oarspronklike wurk komme inkeld Germaanse nammen foar en it befettet âld-Germaanske brûkmen en deugden, set yn it ramt fan de kristlike kultuer.

Klaas Bruinsma – winner yn 1993 fan ‘e Obe Postma-priis foar oersettingen – hat dizze spannende en krûdige midsieuske tekst knap oerbrocht yn it hjoeddeiske Frysk.

Karel en Elegast
Jier: 1994
56 siden
ISBN: 90-73554-13-6
€ 11,12
Oare boeken fan dizze auteur

Béatrys

herdichting fan ‘e midsieuske Marialeginde Omslachtekst Béatrys – de midsieuske Marialeginde skreaun troch in ûnbekend auteur te Antwerpen om 1345 hinne – jildt as ien

Lês fierder »

Mei-Maaie

neist de oarspronklike tekst fan Herman Gorter in herdichting fan de Mei yn it moderne Frysk Omslachtekst De Mei fan Herman Gorter jildt as ien fan

Lês fierder »

Fersen fan minne

strofyske gedichten fan Hadewych mei in parallelle herdichting yn it hjoeddeiske Frysk troch Klaas Bruinsma Resinsjes (fragminten) /…/ It ferget geduld, mar yn de 45

Lês fierder »