Kâldfjoer

Dit boek bestelle?

roman

Omslachtekst

‘Fan ûnderen nei boppen wurkje ik, fan achteren nei foaren. Ik moat my ôfgryslik ynspanne om alles wer foar eagen te krijen. Mei de brân en aller dêr omhinne – dy stoarmjûn dy’t ik ferjitte woe en dêr’t ik wier ek noait mear oan tocht – hie ik alles achter my litten.
De winkel wie der net mear.
Alles waard dêrnei oars.’

Resinsjes (fragminten)

/…/ De skriuwer Poortstra set de haadpersoan del as seach se (Poortstra) hieltyd troch in kamera. Dy selsregistraasje, dat selsbewustwêzen makket dat de roman in klinyske yndruk makket. Sels as de haadpersoan lilk is, of as it moed har fol sjit, heart men as lêzer de kamera rinnen.
/…/ It ramt fan de roman is lykwols moai konstruearre.
/…/ Dit boek is beskaafd, ynteger, mar ek sa griis, sa objektyf, sa saai. Op in bepaalde manier is it ek wol knap dat de skriuwer allinnich mar registrearret, mar gjin miening jout. Dochs hat Justus leaver mei it yrrasjonele yn ‘e minske te krijen. Wêr kin er oars op rache en skelle? Dit boek is ynteger, te ynteger, dêr is neat mis mei. Mar wat is der goed oan? Memorabele sitaten misse folslein. Soe it oan Justus lizze?

De Moanne/Trotwaer, Justus (Eric Hoekstra), desimber 2003


Margryt Poortstra is an accomplishes, award-winning writer of novels, poetry, short stories and children’s books. Here, she succesfully dramatizes the human need to understand the past in order to lice in the present and embrace the future. Hike’s quest is not unusual, therefore, but what makes this novel work is the complexity of her relationship to the past and its people, the people that mattered to her. And still do. When her quest leads to discoveries that are shocking to both protagonist and reader, the author succeeds in rendering a story that qualifies as literature: it enlightens and delights.
World Literature Today, May/August 2004, Henry J. Baron (Calvin College)


/…/ sa wie it foar my, ek út in winkelhúshâlding, in hiele werkenbere situaasje, sa’t dy, tinkt my, net earder yn de Fryske literatuer beskreaun is. Dat, it is ek in part kultuer-histoary dy’t sjen lit wat in grut part fan dy húshâldings trochmakke hat en hoe’t de nearing it libben fan sokke gesinnen op in net al te fleurige wize bepaalde.
/…/ Poortstra hat mei dizze geve roman in nij haadstik tafoege oan har stadich waaksjende oevre, dat yn syn totaliteit in ferkenning fan relaasjes tusken froulju liket te wurden. Om my ferkent se fierder.

Friesch Dagblad, Tsjerk Veenstra, 23 april 2003


Lykwols, yn wat Poortstra har masterskip by it fertellen is: de skaden, de sketsen, de sfear, stiet it ferhaal as in poppehûs op skaal. Dat se al bouwend miskien guon plinten en de ynrjochting fan guon keamers wat mear omtinken jaan kind hie, lit de skealjes net nei de negative kant trochslaan. Poortstra is in fakfrou, dat hat se mei dizze roman op ‘e nij bewiisd.
De Moanne/Trotwaer, Jitske Kingma, maart 2003


/…/ en hoewol’t guon dingen te foarsjen binne troch de lêzer, der bliuwt ek in lêste geheim oer en sa wit de skriuwster it hiele boek troch de spanning der yn te hâlden en ek noch op in net forsearre wize en dat is knap.
/…/ Poortstra hat mei dizze geve roman in nij haadstik tafoege oan har stadich waaksjende oeuvre, dat yn syn totaliteit in ferkenning fan relaasjes tusken froulju liket te wurden. Om my ferkent se fierder.

Friesch Dagblad, Tsjerk Veenstra 12 febrewaris 2003


/…/ it boek einiget mei in epilooch. Dit is neffens my in swaktebod. Fierders is de heit fan Hike, in noartske, hurd wurkjende man, in klisjee. By al dizze krityk is ‘Kâldfjoer’ in ‘leaf’ boekje, de tematyk is neffens my lykwols net genôch om in roman drage te kinnen en hie better ta syn rjocht kaam yn in koart ferhaal. Yn de bondel ‘In soarte fan swijen’ hat Margryt Poortstra sjen litten dat dêr har krêft leit.
Kistwurk, Elske Schotanus, 2002


/…/Hoewel niet alle personages even duidelijk uit de verf komen, neemt het verhaal je langzaam maar zeker mee naar de ontknoping. De thematiek heeft een emancipatorische meerwaarde door de vanzelfsprekendheid waarop de lesbische relatie van de hoofdpersoon wordt beschreven.
Nederlandse Bibliotheek Dienst, M. Claus-de Jong, 5 december 2002


Op ‘e nij toant Poortstra oan hoe knap se personaazjes oant yn de lytste sintúchlike details libje litte kin. Dochs bliuwt it gehiel úteinlik in grevel foarsisber.
/…/ Poortstra hat mei ‘Kâldfjoer’ grif in behoarlik slagge boek skreaun, mar it is my yn de ôfwurking net fergiftich genôch.

Leeuwarder Courant, Jabik Veenbaas, 15 novimber 2002

Kâldfjoer
Margryt Poortstra, kâldfjoer, roman
Jier: 2002
176 siden
ISBN: 90-73554-79-9
Oare boeken fan dizze auteur
Eva, gedichten, Margryt Poortstra

Eva

dichtbondel Omslachtekst Yn dizze Frysk-Nederlânsktalige bondel oer in syktocht fan Eva, de mem fan alle libbenen, kriget it tema frou/mem/dochter stal yn útienrinnende froulike persoanlikheden.

Lês fierder »
roman, De loads, Margryt Poortstra

De loads

roman Omslachtekst Wy hawwe lake en balte, de hannen om ‘e mûle as in toeter. Oeral hawwe socht om in iepening: in doar dy’t net

Lês fierder »
Margryt Poortstra, koudvuur, roman

Koudvuur

roman (Hollandse vertaling van de Friestalige roman Kâldfjoer) Omslagtekst Over de auteur en de Friese versie van Koudvuur: Poortstra heeft met deze sterke roman een nieuw

Lês fierder »
Suster, Margryt Poortstra

Suster

roman Omslachtekst Yn dizze roman fertelt in frou dy’t wurke yn ‘e psychiatry har libbensferhaal oan har oerbeppesizzer. Se hie in sterke bân mei in

Lês fierder »
Suster, Margryt Poortstra

Zuster

roman (Hollandse vertaling van de Friestalige roman Suster) Omslagtekst Tijdens een logeerpartij bij haar zwangere achterkleindochter Marije vertelt de bijna honderdjarige Aukje over de jaren die

Lês fierder »
Nomade, Margryt Poortstra

Nomade

fersebondel Resinsjes (fragminten) Nomade ferskynde op 7 july 2006, ik wit it noch, want ik wie ‘krekt op ’e tiid’ en krige in ‘goede reis’ mei

Lês fierder »