

Wiisheid komt mei de jierren. Mar ferjitachtigens giet har foar. En dêrom
dogge wy der alles oan om skerp te bliuwen, fan harsengymnastyk oant
fitaminepreparaat. Mar hat soks sin?
Douwe Draaisma nimt it op foar it âlde ûnthâld. Mei each foar it lytse,
stelt er klisjee’s oer it brein yn ’e kiif en fertelt er in oar ferhaal oer de
dingen dy’t foarby gean. Oer it geheugen dat net te gripen is, de merk
fan it grutte ferjitten en oer heimwee nei in weareld dy’t allinne noch
yn oantinkens bestiet. Mar ek oer de nychheid dat je ynienen fan alles
samar wer te binnen sjit, lykas by it reminisinsje-effekt dat makket dat
herinneringen oan ’e jongereintiid faak mei nije kracht weromkomme.
It heimweefabryk makket dúdlik dat de tiid net allinne wat docht
mei ús ûnthâld, ús ûnthâld docht ek wat mei de tiid.
Oersetting: Goasse D. Brouwer