Utjouwerij Frysk en Frij ynventarisearre it projekt ‘1945, DE BEFRIJING’, in mânske histoaryske dokumintaasje, oanlein troch Sjirk Frânses van der Burg. Dat materiaal is 7 novimber 2007 oerdroegen oan Tresoar, ornearre foar it argyf oer de Twadde Wrâldoarloch, sadat it tagonklik wurdt foar de ynteressearre ûndersiker/histoarikus.
It argyf omfiemet de dokumintaasje anneks beskriuwing – yn gâns fasetten – fan ’e besetting en befrijing 1944-1945 yn ’e gemeenten Opsterlân, It Hearrenfean en Ængwirden (Anjewier), in part fan Haskerlân en dielen fan West- en Eaststellingwerf. En allyksa fan it noarden fan Fryslân, lykas plakken as Dokkum, Ferwert, Eastmahorn en ek de gemeenten Kollumerlân en Achtkarspelen oant yn Grinslân op.
It hawwen en hâlden fan Dútsers en Kanadezen en de Undergrûnse wurdt neipluze; ûnder oaren oan ’e hân fan tsientallen fraachpetearen mei omstanders/tsjûgen.
It korpus beslacht hûnderten siden tekst, mei dêr byfoege allyksafolle kaarten, dokuminten, foto’s, artikels, kranteknipsels ensfh.