fersen

De mânske sammelbondel befettet mear as twahûndert fersen, ûntstien yn ’e jierren 1989 o/m 2008. De bondel lit in breed skala oangeande tematyk sjen: natoerlyryk, religieuze gedichten, fersen oer it libben fan al den dei – hjir en dêr mei in myld-kritys each nei minske en maatskippij – en bygelyks in ferskaat oan haikû.

Resinsjes (fragminten)


Utjouwerij Frysk en Frij is rynsk en rejaal, mar tige nuttich yn ’t swyljen fan it wurk fan dichters dy’t let debutearje èn har libben lang al dichtsje sûnder dêr pretinsjeus oer te dwaan. De widze fan dizze nestor stie yn Nijlân en der moat hast wol in alvestêdetocht west ha. Klaas Feenstra (* 1929 yn Nijlân) krige 266 siden taparten foar syn sammelbondel.

It is in bondel fan meast tradysjoneel skreaune gedichten, mar ek it frije fers mijt de dichter net, in boek dêr’t in grut engaazjemint yn útkomt mei wille oan taal.     Ik socht wat op flecht en fûn Flechtling en Flechtich; ik soe net sykje dat it each bleau stykjen op side 190, it rekkensomke is maklik diskear:

NJOGGENENTWEINTICH

knibbelhege snie
de wazem fan de skerne
hoar oer ’t gea in trein

blommen op it rút
yn ’e skoarstien fûl dy stoarm
widze by de hurd

jûkels yn ’t bûthús
iis yn de reinwettersbak
auto’s it waad oer

alvestêdetocht
matsjedoars yn wyt habyt
de sterkwettertean

âld wiif op it iis
monotoane goatedrip
snie fan ’t dak: plof… plof…

Lêste side fan haadstik 5; it blike haikû… dy’t ik meast mij, mar ja no wie’t wer ris in ûntdekking. En Wobbelke sil lêze, bliksum! Klaas Feenstra hat syn boek net dêrom de wrâld yn stjoerd; ik kin my begripe dat it moai opskjinnet, sa’n kophimmeljen.

Ik pak hjir wat ekstra romte troch noch in earderneamd gedicht fan d’ âld dichter te presintearjen. It stiet op side 222:

FLECHTICH

De krante knistert by it omslaan.
In heal each op de skûtelbank
rint alderwenst kolommen nei.

It sit hjir smûk yn sinneskyn,
de krante en in romer wyn –

It heakket, in âlde namme seit
dat wer de sichte yn it graan
omsloech; de wylde meander wankt –

Syn libben, as in stjer hie ’t blonken;
No is it yn it tsjuster grêf fersonken.

It taast my eefkes yn it moed –
En ik hie sûnder euvelmoed
sa nyskes noch myn wyntsje dronken.

De nije krante komt moarnier
en dizze komt by it âld papier.

De lêste twa strofen kin it wol sûnder, mar kinst dizze bondel mar better hâlde, ek al is er as in telefoangids sa tsjok. Wurdst dochs wol beleanne ast wat yn it boek omlêst. Feenstra is gjin flauwe fint. (jqs)

Feenstra hat omtinken krigen fan Pier Boorsma yn it FD en fan Wind yn ‘e LC.

Boorsma: ‘Feenstra is gjin profesjonele dichter, mar hy wit soms moaie resultaten te berikken. Dizze gedichten moatte net ûnderskat wurde: se foarmje it daai, dêr’t yn in kultuer de bettere fersen út op rize’.

Wind: ‘Jo hoege net sa lang te sneupen om te konkludearjen dat Klaas Feenstra gjin avangardist is. Hy kiest foar de bewende paden. En dat docht er betûft. Syn haadtema’s komme út de romantyske hoeke: natoer, ferline, leauwe, plakken. Ien bewend tema komt wat oan ’e krapper ein: de leafde. Dy wurdt rjochte op de natoer, it libben. Net op in libbene. Fan erotyk is gjin sprake.   Freonskip liket de dichter dierberder’. en ‘In strangere seleksje hie de kwaliteit ferhege. Lykwols, Klaas Feenstra mei dan ‘De driuw fan elts poëtehert:/ienris te stean op iensume hichte’ ôfdwaan mei: ‘It resultaat, nei ’t my de harsens kreaken (…) Dêr leit er dan, de lilkert, poerlik neaken’- dat oardiel docht dizze oerfloedbondel perfoarst ûnderstek’.

Dat ik sil net eamelje oer mear redaksje ensa.

JQ hat it net sa op haikû stean, al is hy oer dizze wol te sprekken. Spesjaal foar him op side 187:

DICHTSJE

ynmoedige writen
gâns sliepeleaze nachten
skeamel resultaat

Skeamel falt wol wat ta, Feenstra! Mar ach, dy twivel. Twijfel is het begin van wijsheid (R.D.) moat je mar tinke.

ensafh., Frysk literêr tydskrift, jiergong 1, nûmer 6, Jacobus Quiryn Smink/Edwin de Groot, oktober 2009


It fers op de foarside [fan Lyts Frisia] is fan Klaas Feenstra, út Nijlân yn de âlde Middelsee /…/ letter út Burgum. In bondel fan 262 siden, dus net neat, mei heel wat moaie natuerfersen en anekdoatysk wurk; fierder: ‘Troch de natuer en de seizoenen’, ‘Grienmank fan wederwarichheden’ en ‘Kriten en kontreien’.

Wa’t Nijlân mei de moaie tsjerke ken, wit dat der mannich trou tsjerkelid wenne en jit wennet; dus ek yn de bondel in skift ‘Ýnblaasd fan ‘e wyn’.

Dit is noch gjiniens alles. Klaas Feenstra hat yn heel wat blêden en periodiken publisearre /…/ Grif de muoite en it lêzen wurdich, somtiden skerp, altyd te begripen.
Lyts Frisia, desimber 2009


/…/Oan de titel Hege flecht is in ferhaal ferbûn. Sûnt twatûzen korrespondearret Feenstra mei in Ghanees dy’t finzen sit yn Thailân. Op in dei seach Feenstra in kondinsstreep fan in fleantúch heech yn ‘e loft. Dy streep soe de dichter ferbine mei de Ghanees. Syn tinzen namen in ‘hege flecht’ en dat waard de titel fan de bondel en fan it gedicht mei deselde namme.
Ik sitearje de earste strofe:

myn tinzen nimme in hege flecht en ‘k sjoch
it flimende beweech tsjin it himelblau:
in wite kondinsaasjefeech dy’t krûpt
en al mar fierder krûpt, in sturt dy’t langer
koarter wurdt, dy’t tynt, ferwaait, tel ta
fragminten keart, weiwurdt yn it neat, ferdwynt as
hied er nea bestien as ien, fergetten yn
in neare sel yn prison Nonthaburi

/…/Feenstra is gjin profesjonele dichter, mar hy wit soms moaie risseltaten te berikken. Dizze gedichten moatte net ûnderskat wurde: se foarmje it daai, dêr’t yn in kultuer de bettere fersen út op rize.
Friesch Dagblad, Pier Boorsma, 28 febrewaris 2009


/…/Om him better op it dichtsjen ta te lizzen, folge er kursussen by it FLMD en letter by Tresoar. Hy krige ûnder oaren les fan dichters as Tsjêbbe Hettinga en Albertina Soepboer.

Ynfallen foar fersen hat er op alle oeren fan de dei, mar benammen nachts. Dêrom leit der ek altiten papier op syn nachtkastke. “As ik op in idee kom, is it wol saak om dat daliks op te skriuwen. Soms leit sa’n oanset ta in fers der in hiel skoft en dan moat der hieltiten wer oan slipe wurde. Ien wurd kin in gedicht fersteure en dan pak ik der tiden mei om. Soms ha ’k ek samar in fers klear, mar dat bart mar in inkelde kear.’’

‘Hege flecht’ is in yndrukwekkende bondel wurden. Der stean mar leafst sa’n twahûndert fersen yn. Wa’t de bondel trochnimt, komt ta de konklúzje dat Feenstra alle fersfoarmen oan kin, fan it strange sonnet oant en mei de haikû en it frije fers, hoewol’t er oan dy lêste fersfoarm – it rymleaze fers – earst bot wenne moast. Troch de kursussen krige er lykwols hieltiten mear wurdearring foar de frije foarm.
Lyts Frisia, tydskrift foar fryske striid en literatuer, Jan Jongsma, septimber 2008


/…/Boem! Dêr leit er. In boek as in baas roman. Mear as twahûndert gedichten yn ien smeet. Dat it daliks mar dúdlik is: dit is gjin man fan tuike-tuike.

/…/Jo hoege net sa lang te sneupen om te konkludearjen dat Klaas Feenstra gjin avangardist is. Hy kiest foar de bewende paden. En dat docht er betûft. Syn haadtema’s komme út de romantyske hoeke: natoer, ferline, leauwe, plakken. Ien bewend tema komt wat oan ’e krapper ein: de leafde. Dy wurdt rjochte op de natoer, it libben. Net op in libbene. Fan erotyk is gjin sprake. Freonskip liket de dichter dierberder.

Neist romte foar de frije foarm hat er in soad omtinken foar klank (rym), strofe-opbou en byldspraak yn tradysjoneel-sletten fersen.

/…/Net tasongen, mar wol neisongen, wurde dichters as Douwe Kiestra en Fedde Schurer. Fan beide de religieuze grûntoan.

/…/Net alles is besiele. Frijwat gedichten binne berjochten op rym (benammen yn it langste skift, ‘Grienmank fan wederwaardichheden’). Wat té tagonklik is, mei gjin hinnekommen mear hjitte. In stik of sân gedichten ha ek in Hollânske ferzy. Dat hat ek net altyd in lokkige kar west. Wat yn it Frysk stân hâldt as fertroud, komt yn it Nederlânsk al gau oer as âldmoadrich.

In strangere seleksje hie de kwaliteit ferhege. Lykwols, Klaas Feenstra mei dan ‘De driuw fan elts poëtehert:/ienris te stean op iensume hichte’ ôfdwaan mei: ‘It resultaat, nei ’t my de harsens kreaken (…) Dêr leit er dan, de lilkert, poerlik neaken’- dat oardiel docht dizze oerfloedbondel perfoarst ûnderstek.
Leeuwarder Courant, Harmen Wind, 23 maaie 2008


Ruim tweehonderd gebundelde gedichten uit de periode 1989-2008 van de Friese dichter Klaas Feenstra (1929), van wie eerder alleen kleine uitgaven verschenen.

De gedichten zijn begrijpelijk, ze rijmen veelal en verrassen soms bepaald door woordenschat en treffende uitingen. Thema’s zijn o.a. de natuur, het persoonlijke, godsdienstig geloof en het eigen, innerlijk leven.

Ze lenen zich om voor te lezen en zijn geschikt voor zowel een eerste als een meer verdiepende kennismaking met de (Friese) poezie.
Nederlandse Bibliotheek Dienst/Biblion, G. Abma, 23 maaie 2008.

Hege flecht
Jier: 2008
268 siden
ISBN: 978-90-8566-017-0
€ 20,00
Oare boeken fan dizze auteur