Hân oan ‘e muorre

Dit boek bestelle?

Resinsjes (fragminten)

De fersen bliuwe te faak oan ‘e bûtenkant; se binne in slach te eksplisyt
/…/ De toan mei bytiden synysk wêze, it kin net ferhelpe dat datsoarte fersendirekt of yndirekt in programmatyske c.q. prekerige kant hawwe. De spanning fan it yn foarm en styl sa rynsk spile spul om in morele kar, sa’t dat yn ‘De stêd, it buist, de ingel’ it gefal is, is yn dy fersen fuort; der is inkel noch sprake fan in plat en plan-út ôfwizen fan guon maatskiplike ferskynsels . De moraal leit der te tsjok boppe-op, net liker as wist de dichteresse fan alle Grutte Wierheden en Wiere Deugden.
In part fan de poëzy yn ‘Hân oan ‘e muorre’ , wêryn’t it lykas yn ‘De stêd, it bist, de ingel’ wer draait om de macht en it ûnôfhinklik en selsstannich lêzen fan de tekens út skiednis fan hjoed en no, mei navenant alle Grutte Fragen, makket boppedat de yndruk dat it in residubestân is fan ‘De stêd, it bist, de ingel’. Guon rigels keare bytiden letterlik werom.

De Moanne/Trotwaer, Eeltsje Hettinga, maart 2005


Aggie van der Meer is in maatskippij-krityske, belutsen dichter, dy’t opskriuwt yn dichtfoarm wat har dwerssit, argewaasje jout of kûgelsk makket. Sadwaande hat se faak ‘alle gelyk fan de wrâld’ en trapet se iepen doarren yn en wurdt de lêzer wurch fan al dat bewearen, útlizzen en gelykhawwen. It is út de tiid wat Van der Meer docht en dat is fansels krekt har punt: it is slim dat wy ús net mear drok meitsje wolle om wat der allegearre foar ‘ferkeards’ bart yn ‘e wrâld. Dat is dus it misferstân: dat wolle wy wol, mar wy wolle net mear op sa’n toan oansprutsen wurde; wy wolle graach witte hokker útwurking dy argewaasje en lulkens op de dichter as minske hawwe: hoe beskiede dy har libben en tinken, fielen fan leafde en haat, faaks. Hoe is it nammers mooglik dat se noch libje kin mei sa’n lêst op ‘e rêch.

/…/ Sa net, de dichter hantearret it ark profesjoneel, der steane moaie rigels yn en fernimstige wurdkombinaasjes, mar de dichter sit sels te min yn dy wurden en rigels. De ôfstân is te grut en de lêzer hat te faak de gelegenheid om te sizzen: It sil ‘t wol.
/…/ Men soe winskje dat Aggie van der Meer har talinten nochris brûkt om tichter by harsels en by hûs te bliuwen. ‘Alles is yn alles’ sei de grutte master Obe Postma, dus ek yn ússels en op ús eigen hiem. Of sa’t Ida Gerhardt dichte: ‘Het licht begint te wandelen door het huis en raakt de dingen aan. Wij eten ons vroege brood gedoopt in zon.’ yn it fers Zondagmorgen. Gewoane wurden, mar sa fol fan wat se sizze wolle dat se genôch binne om ‘alles’ út te drukken. It is it besykjen wurdich.

Friesch Dagblad, Tsjerk Veenstra, 23 oktober 2002


/…/Ik hie grutte muoite my yn dizze gedichten yn te libjen. En ik wit ek wêrom. Aggie van der Meer ropt mei gefoel foar ûnrjocht, mei gefoel foar macht, ûnmacht en oermacht grutte begripen op. Mar de lêzer wurdt dêrtoch net mei wat nijs oerfallen.
/…/ de poëzy slacht dea yn in opsteapeling fan konstatearringen, fan feiten en sabeare feiten
/…/ In bulte fan dizze fersen – benammen dy yn de beide earste dielen fan de bondel – binne skreaun út in protesthâlding tsjin tsjerklike en wrâldske machten.
/…/ Mar dat protest giet meastentiids ferlern yn holle wurden.
/…/ En wat noch slimmer is – of miskien wol it alderslimste -, nearne blinkt it persoanlike lûd fan de dichter troch.
/…/ it komt jin net oan ‘e hûd. Nearne fynt de lêzer in subjektive opfetting. Nearne treft er selsbyld en selshâlding.

Trotwaer, Durk van der Ploeg, juny 2002


/…/De measte gedichten sitte nammentlik foarmtechnysk goed yn elkoar, grôtfol bibelske bylden en histoaryske stof, binne programmatysk en moralistysk. Mei’t deselde tema’s hyltyd weromkomme, leit der in konsistinte bondel foar ús.
/…/ Oer it generaal blykt Aggie van der Meer by steat om in goed programmatysk fers te dichtsjen. Sels yn dizze oer it generaal slagge te neamen bondel steane lykwols ek minder goede fersen.
/…/ Benammen om’t de dichteresse by steat is om ferteltechnysk goede fersen del te setten, hat de lêzer fan ‘H
ân oan ‘e muorre’ net gau syn nocht fan alle wiisheden.
Leeuwarder Courant, Babs Gezelle Meerburg, 19 april 2002

Hân oan ‘e muorre
Hân oan 'e muorre, gedichten, Aggie van der Meer
Jier: 2002
96 siden
ISBN: 90-73554-69-1
Oare boeken fan dizze auteur
De sneinen, it lân achter it each fan 'e nulle, gedichten, Aggie van der Meer

De Sneinen

Twaënfyftich gedichten oer de sneinen fan it jier. De kuiertocht, ier en betiid op stille sneintemoarnen, ropt op ta meditaasje en set de fantasy op

Lês fierder »
Pauwehôf, roman, Aggie van der Meer

Pauwehôf

roman Omslachtekst Yn de Pauwehôf wurdt út en troch referearre oan de troch Albin Biblom gearstalde ‘The Journals of Jacob Mandeville’. De Pauwehôf is in

Lês fierder »
Oerfeart, histoarise famyljeroman, Aggie van der Meer

Oerfeart

histoarise famyljeroman Omslachtekst Yn de histoarise roman ‘Oerfeart’ fiert Aggie van der Meer petearen mei har joadse foarfaar en har Dütse beppe. Dêrfoar hellet se

Lês fierder »