Yn dizze Gysbert Japiks-trilogy binne trije earder ferskynde romans byinoar brocht, te witten: Mjitter fan ús jierren, Bewarje myn namme en De dei is ferrûn.
Oer Mjitter fan ús jierren:
De ûntjouwing fan Gysbert syn dichterskip giet hiel natuerlik. Terpstra hat him der lokkigernôch foar hoede om in fersleare te skriuwen. Al soene guon dit lêze, dy’t noch nea in fers fan Gysbert ûnder eagen hân hawwe, dan is it noch te begripen. In tige lêsber boek dat de muoite wurdich is.
Friesch Dagblad, Rients de Boer, 7 oktober 1989
Oer Bewarje myn namme:
/…/ sûnder mear in roman fan alluere./…/wat ik boppe alles yn dit boek wurdearje, is de karakterbeskriuwing dy’t fan de haadpersoan jûn is.
Frysk en Frij, Anne Wadman, 14 april 1993
Oer De dei is ferrûn:
It is in tige meinimmend en waarm-minsklik ferhaal, wol set yn it ramt fan Gysbert syn tiid, mar tsjin de eftergrûn fan de grutte fragen, dy’t ek de hjoeddeiske minske dwaande hâlde.
Leeuwarder Courant, Jacob Noordmans, 18 jannewaris 1997
Resinsjes (fragminten)
/…/ Gysbert Japiks, foar Piter Terpstra, neffens eigen sizzen in dichter, dêr’t er yn ‘t begjin noch in dizenige foarstelling fan hie, mar dêr’t er yn de rin fan de jierren fan ûnder de tsjoen rekke, is troch de feardige pinne fan syn observator in man fan fleis en bloed wurden, dy’t jin al lêzende nei komt te stean.
Geandewei, A.J. Wijnsma, 12 septimber 2003
Op tige meinimmende wize skriuwt de auteur oer it libben fan dizze grutte Fryske dichter/skoalmaster. Terpstra pleatst de romanfiguer Gysbert Japiks net allinne yn in ferantwurde histoarys dekôr, mar de karakterbeskriuwing fan de haadpersoan komt ek nochris tige autentyk oer. Dizze trilogy mei dan mei rjocht en reden in histoarise psychologise roman neamd wurde.
Sneeker Nieuwsblad, 16 juny 2003, Henk van der Veer
De trije boeken foarmje as gehiel in mânske histoaryske roman oer Gysbert Japiks syn hiele libben, dy’t syn knappe nivo oan ‘e ein ta fêsthâldt. It is absolút in winst dat de Fryske lêzer no yn ien bân tagong ta dizze boeken hat.
Leeuwarder Courant, 6 juny 2003, Jabik Veenbaas