Gedichten
Resinsjes (fragminten)
/…/ in debút wêryn’t de dichteresse it benammen fan de yntinsje, de ynhâld hawwe moat. Yn de foarm is dizze ienfâldige, gauris te anekdoatysk tekene poëzy, no daalks net de grutste iepenbiering, om dêr mar ris in eufemisme om te brûken. Dochs stiicht dy poëzy út boppe it anonime sljochtweihinne en dat sit him net allinne yn Spoelstra har hechte taal, mar ek yn har oangenaam lichte en iroanyske toan, ien dy’t der noed foar stiet dat dizze poëzy ‘wat’ hat, yn de sin fan in eigen lûd.
De Moanne/Trotwaer, Eeltsje Hettinga, july 2005
De fersen fan Spoelstra binne earlik, hawwe hjir en dêr wol wat wei fan dagboekfragminten yn poëzijfoarm. It is yn alle gefallen oprjocht sa’t Spoelstra skriuwt, har gedichten hawwe sûndermis in eigen lûd. Oan literêre babbelegûchjes hat dizze dichteres it mier.
Sneeker Nieuwsblad, Henk van der Veer, 22 april 2004
De dichteres weet een sfeer op te roepen die past bij de inhoud. Op een enkele uitzondering na – het traditionele sonnet – bevatten de gedichten geen rijm; ook beeldspraak vindt men niet in overvloed. Over het algemeen zijn de gedichten geschreven in een modern, vrij spreektalig Fries, realistisch beschrijvend. Dat alles maakt deze bundel heel toegankelijk voor degenen die de Friese literatuur een warm hart toedragen.
Nederlandse Bibliotheek Dienst, Drs. D.H. Veenstra
Wat my oanstiet yn it dichtwurk fan Janneke Spoelstra is de ienfâld en de direktens fan har formulearringen. Se hat net folle wurden nedich: yn ienfâldige en oansprekkende bylden wit se situaasjes oan te tsjutten.
/…/ De fersen fan Janneke Spoelstra binne autintyk en hawwe in eigen toan. Dizze gedichten fertsjinje it om lêzen te wurden
Friesch Dagblad, Pier Boorsma, 3 maart 2004
Mei tal fan fersen yn har debútbondel Goeie is it wachtwurd bewiist Janneke Spoelstra (1962) dat it bestiet, ek yn it Frys: ‘lytse’ poëzij dy’t net plat is, of just kopke-ûnder giet yn fage suggestjes fan djipsinnichheid, mar in poëzij dy’t mei syn ‘minimalisme’ folslein oertsjûget. Dat sil grif meikomme omdat Spoelstra in persoanlik ferhaal fertelt. Dizze bondel is gjin samling fan op harsels steande poëtyske ynfallen, mar in skiednis, dêr’t de lêzer dalik fan oannimt dat dy ferteld wurde moast. Boppedat is der it geheim fan de Spoelstra-observaasje. De Spoelstra-toan. Nofter en faak mei irony dichtet Janneke Spoelstra yn in pear rigels byinoar wer’t in oar in heel ferhaal foar noadich hat.
/…/ Hoe’t in famke op in doarp opgroeit yn in ‘lost paradise’, der achter komt dat sy lesbysk is, der foar út komt, in leafste fynt en har deljout yn in nijbouwyk – der giet Goeie is it wachtwurd oer. Dat ferhaal wurdt fierhinne gronologysk ferteld yn fiif skiften fan yn totaal 43 fersen, dy’t hast allegear earder publisearre binne yn tydskriften, skriuwerskalinders en sammelbondels. De earsten ferskynden al yn it midden fan de jierren njoggentich. Sa is it debút fan de redaktrise fan Hjir de delslach wurden fan tsien jier dichtsjen. In protte prizen hat Spoelstra oan no ta net wûn – yn 1997 krige sy de Poëzieprijs van Friese vogelbeschermingswachten foar is fers ‘Ferskining fan maityd’ – mar dat seit neat. Dat foar dizze bondel gjin subsydzje loskaam fan it Produksjefûns ek net, nee, dat is ûnderwilens hast earder in bewiis fan kwaliteit.
/…/ De Spoelstra-observaasje, wat is dat? Yn it fers ‘Do’ wurdt in leafdesrelaasje tekene mei twa, trije bylden út in fakânsje op it eilân: sy is it helmgers, de dichter it stosân. Sy is de koele lotion op ‘e sinnebrân. Sy is ‘de jittik op myn langpoatstekken’. Om sokke bylden is net socht, sa komt it op ‘e lêzer oer. Se binnen natuerlik en dochs orizjineel. Yn sobere rigels brocht, treffe se yn ien kear doel. Mar like maklik makket Spoelstra poëzij út in abstrakt gegeven as de Europeeske yntegraasje. Yn it fers ‘Ienwurding’ wurdt it oangean fan in relaasje ferlike mei it ‘opheffen / fan ‘e binnengrinzen’, yn de ‘uny mei ferdrach’ dy’t slúten wurdt.
/…/ En dan is der de Spoelstra-toan. Dat is de toan fan de noftere konstatearring: sa is it no ienris en net oars. Gjin protest. Gjin selsbegrutsjen. Gjin lilkens. Earder ferwûndering oer hoe’t de wrâld is sa’t dy is en hoe’t de minsken binne sa’t se binne. It is krekt dy ferwûndering dy’t makket dat de dichter it hierskerp delsette kin.
/…/ It binne de grutte emoasjes, de grutte konflikten yn it libben dy’t hjir delset wurde as de gewoanste saak fan de wrâld.
/…/ Spoelstra set de lêzer mei in pear wurden oan it tinken. Achter it lytse traaljewurk fan wurden is gauris in djipte te merkbiten dy’t gâns fersen yn dizze bondel heech úttilt boppe it anekdoatyske dat faak allinnich de oanlieding is.
/…/ Bytiden probearret de dichter in folle bredere lyryske toan út, mar ek dy klinkt net werklik ‘lekker’, bygelyks yn it fers ‘Yn dit lân’. Hjir ruilet Spoelstra har sterkste kanten as dichter – hjir boppe neamd – yn foar in styl fan poëzij dy’t sy nei myn betinken har noch mear eigen meitsje moat. It is benammen de konsintraasje dy’t har koarte fersen wol hawwe, dy’t hjit ûntbrekt.
Farsk, Abe de Vries, 2004 (nûmer 23)