Yn ‘e dichtbondel Frou ûle steane fersen dy’t earder opnommen west ha yn ‘e tydskriften Hjir, Trotwaer en Frysk en Frij, mar ek nij wurk. Sintrale tema’s binne magy, natoermystyk en mytology. Mar de skriuwster hat har ek ynspirearje litten troch keunsthistoaryske tema’s.
Resinsjes (fragminten)
Alhoewel’t har keunsthistoaryske ynteresse oan de poëzy dúdlik ôf te lêzen is, docht it nea net oan as geleard- of wichtichdwaanderij. It tsjinoerstelde is wier.
/…/ Bysûnder is Lida Dykstra har besieling as hja de saneamde platte werklikheid iepenbrekt en tagong jout nei in wrâld mei mear ferbyldingskrêft. Har Fryske debútfersen ûnthjitte mear foar de takomst.
Leeuwarder Courant, Babs Gezelle Meerburg, 16 febrewaris 2001
Sterk byldzjend taalfermogen. /…/ Lida Dykstra har fersen jouwe bliken fan in bysûnder fisueel observaasjetalint.
/…/ Dat Dykstra dichtsje kin, die yn 1993 al bliken, doe’t hja de Gouden Pen fan de Stichting Literaire Activiteiten Heerenveen wûn mei it fers Mûzenêsten, dat ek yn dizze bondel opnommen is. It giet hjir lykwols net om in útsjitter nei boppen ta. It fers typearret it nivo fan al har lettere gedichten yn it algemien.
Friesch Dagblad, Syt Bakker-Palma, 28 febrewaris 2001
Lida Dykstra hat in bondel ferskine litten mei in grut tal respektabele fersen. Doch bin ik net oertsjûge fan de needsaak fan dizze gedichten. As de dichteresse it ferhaal fan de fabeldieren neifertelt, dan mist de emoasje. Dizze fersen binne wat flak. Mar as debút is de bondel sûnder mis slagge.
Trotwaer, Pier Boorsma, maart 2001, nr. 2
Boartlike en linige taal, mei prachtige nijfoarmingen lykas skrinkelruter, bonkehynder of prikkeskonk en in styl dy’t moai en fernimstich is, wêrby’t fral de sterk byldzjende krêften en de linige, tûke en moai ferrinnende ritmen opfalle. Skriuwster en dichteresse Lida Dykstra bewiist mei har earste bondel Frou Ule oer alle boegen dat it him oan it ambacht net mankearret. Hjir en dêr kin se sa troch foar Tamminga syn dochter. Nee, it is de wize wêrop’t yn dizze ‘rike’ earstling it materiaal, yn haadsaak ûnderwerpen út de Aldheid, ferwurke is…
/…/krekt wat te sjablonesk. Wurkje en bewurkje, mar de oar(d)e kear dan it leafste àl mei de tekens en taal fan in wurklik persoanlik trochwurke ferwurking.
Kistwurk, Eeltsje Hettinga, juny 2001, nr. 3