

Elgersma schrijf boek over Flora, ondergedoken in Earnewâld in de oorlog
Onderduiker Flora Engelander-Cohen verloor bijna haar hele familie in de oorlog
Schrijver Klaas Elgersma vertelt over onderduikster Flora Engelander-Cohen – Leeuwarder Courant
De Stienser – Onderduiker Flora Engelander-Cohen verloor… | Facebook
Een nieuw boek, Oerboer, een flypast en natuurlijk Keningsdei in Op ‘e Hichte – RTV NOF Nieuws
Onderduiker Flora Engelander-Cohen verloor bijna haar hele familie in de oorlog – Nieuws uit het noorden en oosten van Fryslân
Foardracht 4 maaie 2026 Earnewâld
Klaas Elgersma
Op dizze 4e maaie betinke wy alle Nederlanders dy’t yn ‘e twadde wrâldoarloch en dêrnei by fredesoperaasjes en oarlogen omkommen binne, wêr ek op ‘e wrâld. Dêrby wiene tûzenen slachtoffers fan ‘e nazi’s. Mei-inoar wiene dy nazi’s sels ferantwurdlik foar miljoenen oan deaden. By sokke grutte getallen hawwe wy minsken faak gjin byld. Dat giet ús foarstellingsfermogen fier te boppe.
Derom woe ik it fannejûn yn it bysûnder hawwe oer wat ien Joadse famylje allegear oerkommen is. Better sein: wat har oandien is! Har ferhaal stiet jûn symboal foar wat der mei in hieleboel minken bard is. Ik haw har ferhaal, dat foar in grut part hjir yn ‘e omkriten spilet, lang útpluze en nei in protte ûndersyk opskreaun yn in histoaryse roman “Ferwekt op Cuba”
Jozef Engelander en Flora Cohen wiene yn ‘e winter fan ’42-‘43 in jong troud Joads steltsje yn Amsterdam, “Mokum” yn har taal. Sy wie by har houlik yn ‘39 noch mar 18 en hy 21 jier. De Fryske útdrukking foar it houlik is de lange hier, mar dat soe yn har gefal in hiel navrante utering blike te wêzen.
Flora en Jozef hiene binnen it jier nei har trouwen al in twilling krigen: twa leave famkes, Betty en Sonja. Har gelok hie folslein west, as Nederlân op dat stuit net beset west hie troch in wrede Dútse besetter. In besetter, dy’t al gau mei hieltyd swierdere maatregels en pesterijen kaam om de Joaden it libben aloan dreger en eins hast ûnmooglik te meitsjen. De Joaden moasten losweakke (isolearre) wurde fan it Nederlânske folk, wie it doel. Dat soe it foar de Dútsers folle maklikker meitsje om har oan te pakken neffens it grutte plan fan de Shoah, (de ramp) betocht troch har lieders Hitler, Himmler en Heydrich. Neffens dy mannen soe dat de Endlösing der Judenfrage wurde. Dy sabeare Judenfrage wie in probleem, dat se eins sels betocht hiene.
Om’t Jozef en Flora Joaden wiene, moasten hja altyd in persoansbewiis by har hawwe en in Davidstjer drage. It fielde dêrmei, as wiene hja brânmerke. Hja mochten al net mear nei parken, bioscopen, swimbaden, herbergen, bibletheken, teäters, ensfh. ensfh. Dêr stienen dy aaklike, diskriminearjende buordsjes mei “Voor Joden verboden” Har jonge bern hoegden gelokkich noch net in persoansbewiis of in Davidstjer.
Op algemiene merken mochten hja ek al net mear komme en yn de measte winkels koenen hja mar in hiel koart skoftke boadskipje, middeis fan 3 oant 5. Hieltyd mear Joadse winkels moasten slute, om ‘t de eigners oppakt en ôffierd waarden. It waard aloan dreger om koosjer iten te keapjen en dat wie foar de Joaden no krekt sa wichtich, want dat stie yn ‘e kasjroet. Dat binne de Joadse spiiswetten. Miskien wie it fleis sels dan noch wol koosjer, mar dan wie it faak noch net ritueel slachte, want dat wie ek al ferbean.
Skoallen waarden sletten en in Joadse húshâlding mocht net mear as 250 gûne yn besit hawwe. Derom besochten guon Joaden har jild en sieraden benefter te hâlden. Op sok swart jild waard troch de Dutsers fûl jacht makke, mar ek troch guon Nederlanners, dy’t mar al te graach har meiwurking oan de besetter joegen. Se sille der sels ek net minder fan wurden wêze.
Joaden krigen in dikke hierferheging foar de kiezzen en op eigen manneboet ferhûzje mocht ek al net mear. Joaden sûnder wurk moasten oan ‘e slach yn it Amsterdamse Bosk of yn oare wurkkampen: alles yn it ramt fan de Arbeitseinsatz, twangarbeid dus. Dêr waarden hja ek al folle minder beleane as slochtweihinne (Aryske) Nederlanners, dy’t wurkleas wiene. Om’t Joaden fan har fak meast keaplju wiene, hiene se it dêr tige dreech mei it swiere wurk.
Der kamen hieltyd nije en strangere maatregels, dy ‘t de Joaden it libben benei ûnmooglik makken. Fytse en autoride mocht ek al net mear. De antisemityske bedoelings fan de besetter kamen hieltyd mear foar it ljocht en de driiging naam al mar ta!
Har libben waard noch dreger, doe’t de besetter begûn wie Joaden op te pakken om (nei’t hja seinen) foar har te wurkjen yn East Europa. It makke neat út, hoe âld as hoe jong sokke oppakte Joaden wiene en ek al net, oft se sûn of slim siik wiene, lichaamlik of geastlik. Se moasten mei! In wrang foarbyld hjirfan is de ûntromming fan it Joads psychiatrysk tehús Het Apeldoornse Bosch yn jannewaris ’43. Hast 1.100 slim sike patienten waarden oppakt en ôffierd nei Auschwitz tagelyk mei guon fan it personiel. Letter folgen nochris hast 300 minsken, werûnder froulju dy’t yn ferwachting wiene. Mar 12 fan al dy hast 1.400 earme minsken oerlibben it.
De moaiste lege húzen fan de ôffierde Joaden waarden faak ynnommen troch NSBers, tagelyk mei it meubilair en al it oare guod, want safolle spul hiene de Joaden by har hastige oppakken fansels net meinimme kinnen. Tûzenen oare huzen waarden leeghelle. It meubilêr gie dan nei Dútslân ta. Doe’t nei ôfrin fan de oarloch de inkelde Joaden, dy’t de kampen oerlibben, werom kamen en wer yn har húzen woene, krigen se soms te hearren “Se hawwe fergetten dy te fergassen” Sels tsjinwurdich komme der noch wolris stellen Joadse kostberheden boppe wetter.
Jozef wie kleanmakker, mar krige hieltyd minder klanten en syn fertsjinsten namen stadichoan ôf. Flora moast húshâlde mei hieltyd minder jild.
Bytiden waarden guon famyljeleden, freonen as kennissen fan Jozef en Flora samar wei, of by in razzia oppakt en nimmen hearde mear wat fan harren. Taal noch teken! Dat joech fansels hiel wat spanning, ek tusken it jonge steltsje, want wat moasten sy no? Koene se hjir yn Mokum noch wol bliuwe? Hiene hja dan har eigen libbenslot noch wol yn hannen? Wat wie ferstannich?
Jozef en Flora rekken der op in stuit fan oertsjûge, dat hja ek ûnderdûke moasten, mar hja wisten net hoe as wêr. Der wiene oars wol mear Joaden dy’t soks diene, skynde it. Mar wa koene se by har plannen fertrouwe? Wa koe har helpe? Safolle kunde ûnder goyim (net Joaden) hiene se net. Dêrby kaam, dat it bieden fan ûnderdûk ek al ferbean wie. It wie allegear ûnderdiel fan it grutte plan fan de Holocaust.
Hja krigen stadichoan wol troch, dat se yn ‘e ûnderdûk net as húshâlding bijinoar bliuwe koenen, safolle plakken wiene net geskikt om in hiele húshâlding ûnderdak te jaan. Hja moasten doe it hast net te dragen beslút nimme om beide jonge bern ôf te stean. It gefolch wie, dat de famkes mei help fan krigele studintes ûnderdak fine koene earne yn Limburg. Wêr krekt wisten Jozef en Flora net en ek net by wa, mar yn it Suden wennen faak minsken mei grutte húshâldings. Dan soene in pear bern mear faaks net opfalle. Dat beslút foel Jozef en Flora fansels hiel dreech, want hokker leafhawwende âldelju jouwe har jonge berntsjes samar wei oan poerfrjemden? Mar se koenen net oars!
Hja namen nije Nederlânse skûlnammen oan Joop Schild en Katrien Schagen, offisjeel Catharina en se moasten in hiele nije identiteit oannimme. Der stinden se in skoft op om, want eins moatte jo dan jo hiele eftergrûn feroarje. Hja moasten bygelyks ôfleare Joadse wurden te brûken as schlemiel, mazzel tov, kapsones, geteisem en mesjogge. Dat soe har oars ommers samar ferriede kinne! Ek krigen hja beide in neimakke persoansbewiis. Sonja en Betty hoegden gelokkich gjin skûlnammen. Har nammen wiene Nederlâns genôch.
Sels flechtten Flora en Jozef op in stuit nei Drinte en net folle letter nei Fryslân. Nei in spannende reis kaam Flora úteinlik as ûnderdûker by de famylje fan Herman Dykstra en Rinske Jonker op Cuba telâne, in pleats hjir deunby yn ‘e Alde Feanen tusken Earnewâld en Warten oan in opfeart fan de Folkertssleat. Hjir flakby fûn Flora dus har feilige útwyk.
It wie dêr in hiele oare wrâld as yn Mokum en hja moast dêr wol wenne! Gjin huzen, kantoaren, skoallen, winkels of oare drokte! Neat, útsein hjir en dêr wat buorkerijen en fakânsjehúskes. Hja moast har oanpasse en leare hoe’t de plakken en de wetters hieten en ek moast hja Frysk leare. Dat slagge har hiel gau! Boppe-al moast hja har it boerelibben eigen meitsje, want se woe graach har bijdrage leverje oan it wurk op ‘e pleats.
Jozef rekke belutsen by it aktyve ferset yn Idaarderadiel en siet û.o. yn ûnderdûk op in pleats yn it Leechlân by de famylje fan Jelle Wiggeles de Visser. (Grut Tsjallinga). Hy holp as fersetsstrider ek wol om Joaden út Amsterdam yn ûnderdûk te bringen, mar hie dêrby, sûnder it te witten, ek te meitsjen mei ferrieders, dy’t út wiene op eigen profyt en it jild fan dy Joaden.
It bleau al mei al in tige spannende sitewaasje, want hjir yn ‘e omkriten diene de Dútsers it ek al mâl! Sa wie der op 7 july ‘43 in grutte razzia yn Warten, dêr’t ferskate minsken by oppakt waarden en ek deaden by foelen. Flora wie tige benaud, dat ek Jozef oppakt wie, want hy siet faak op Grut Tsjallinga, dêr’t de SD binnen foel. Gelokkich kamen de mannen fan de Sicherheitsdienst dêr te let! De ploech mei sa’n 30 ûnderdûkers wie al útnaaid! De boer, grutte Jelle, bedarre al yn de finzenis, om’t se in yllegale radio fûnen. Net lang dêrnei hie syn frou, Trijntsje de Heer, al wer ûnderdûkers yn hûs. De wetterplysje fan ‘e Grüne Polizei siet yn Grou en patrûllearre geregeld yn ‘e omkriten. Op Cuba stie elk op skerp!
Flora makke har protten soargen oer Jozef, har freonen en famyljeleden en seker oer har beide famkes. Se hie in bulte langst nei har twilling en se woe en moast witte, wêr’t se krekt sieten, wa’t der op har pasten en hoe’t it mei de bern gie! Hja moast al safolle fan it opgroeien fan har berntsjes misse…… De twilling wie gjin tel út har tinzen, ek net doe’t se te witten kaam, dat se yn ‘e buert fan Heerlen sieten en it nei omstannichheden goed mei har gie.
Op in stuit ferge se Jozef der op, dat hy de bern sykje soe. Hy koe en woe gjin nee tsjin har sizze. Sels hie er fansels ek syn soargen oer de twilling en miste syn berntsjes tige. Dus gie er op in stuit op reis. Op dy reis nei Limburg waard Jozef yn Zutphen út ‘e trein helle, arrestearre en nei de romrofte SD-finzenis oan ‘e Wjitteringsskâns yn Amsterdam brocht. Hy wie ferret! In goed wike letter kamen ek beide famkes yn dy grôtfolle finzenis telâne, nei’t se by in razzia yn ‘e omkriten fan Heerlen oppakt wiene. Dêr wie ek al ferried yn it spul en mooglik sels in persoansferwikseling.
Net folle letter moasten se mei-inoar nei Durchgangslager Westerbork en net hiel lang dêrnei op 25 jannewaris 1944 mei it 84ste transport op ‘e trein nei it konsintraasjekamp Auschwitz-Birkenau. Yn dat geweldich grutte ferneatigingskamp wurke dr. Joseph Mengele. “De Ingel fan ‘e Dea” waard er wol neamd. Hy die ferskuorrend wrede medyse eksperiminten op twillingen, faak yn opdracht fan IG Farben. It liket der net op, dat Sonja en Betty dêr by belutsen west hawwe, mar earder dat Jozef en beide bern dêr nei in freeslike treinreis fan trije dagen en twa nachten fuort nei oankomst nei in opperflakkige seleksje nei geskiktens om te wurkjen alle trije wreed fergast en kremeare binne. Fan de 948 minsken út dit 84ste transport hawwe úteinliks mar 30 oerlibbe, fjirtjin manlju, njoggen froulju, twa jonges fan santjin en fiif famkes. Fan dy famkes wiene der trije fan santjin, ien fan fyftjin en ien fan sân.
Flora hat lang neat witten fan wat har man en bern en al dy oare sibben, freonen en freondinnen, kennissen en buorlju oerkommen wie, ek yn ‘e earste jierrren nei de oarloch net, doe’t der wol allegear ferskuorrende ferhalen oer de Dútse wrede misdieden los kamen. It wie net te leauwen! Oaren woene it net leauwe……. Guon lju noch altyd net! Flora hat der in hiele protte oer prakkesearre. De oarloch wie foar har noch lang net oer! Want hoe soe it wêze mei Jozef en Sonja en Betty, har âlders, har bruorren, har suster, skoanâlden en fierdere famylje, har freonen en freondinnen….? Soene se noch wol werom komme en soe hja se ea wer sjen?
Oan ‘e ein fan de oarloch wie Flora swier rekke fan de boeresoan fan Cuba en moast doe hastich fan ‘e pleats. Hja is yn susterhûs Weiteveen yn Drinte befallen fan in famke dy’t se de nammen Jozephina Sonja Betty joech. (Joosje, sa’t se wol neamd wurdt, is jûn ûnder ús) Flora makke har dêr ek al soargen oer, want hoe moast hja it har man fertelle? Hoe wie hja oan dit berntsje kommen, wylst hy oppakt wie? Hoe koe hja Jozef ûnder eagen komme?
Folle jierren letter krige se te hearren dat har leave man en beide bernstjes wreed fermoarde binne, lykas hast al har oare famyljeleden. Alle kearen wer krige hja in geweldige opdonder te ferwurkjen. Soks soe noait wenne! Flora hat nea echt ôfskied nimme kinnen fan al dy neisten. Hja koe mei nimmen rouwe oer har famyljeleden of teminsten de neitins diele. Der binne gjin grêven oerbleaun, wêr’t se in stientsje oplizze koe by in besykjen. Ek koe se de deaden net betinke, sa’t wy dat hjoed dogge. En dan te witten, dat de ivige grêfrêst foar Joaden sa wichtich is. Sels dat hiene de nazi’s har ôfnommen!
No is de oarloch mear as 80 jier lyn, mar tink mar net, dat soks nea wer barre kin. Fakernôch wurde groepen minsken ommers apart setten en stigmatisearre. Rûnom wurdt ommers diskriminearre. It antysemitisme liket yn ús tiid opnij op te libjen. Wy sille altyd waaks bliuwe moatte as wy foarkomme wolle dat dy ôfgryslike skiednis himsels wjerhellet. Om dy reden betinke wy de oarlochs-skiednis, de oarsaken, de slachtoffers en de deaden.
Under Joaden wurdt leaud, dat in minsk twa kear stjert. De earste kear lichamelik en de twadde kear, as har namme net mear neamd wurdt. Derom wol ik jim de nammen neame fan de famyljeleden en oantrouden fan Jozef Engelander en Flora Cohen, dy’t yn de Twadde Wrâldoarloch fermoarde binne yn de ferneatigingskampen Auschwitz-Birkenau, Sobibor en Blechhammer. Ik wol jim freegje om dêrby stean te gean, foar safier oft dat mooglik is.
Ik neam jim har nammen:
29 july ’42 Clara Pront-Cohen 24 jier A
29 july ’42 Berdina Pront 5 jier A
30 sept. ’42 Jacob Pront, sadelmakker 26 jier A
30 sept. ’42 Cosman Cohen, learbewurker 19 jier A
20 maart ’43 Catharina Kool-Engelander 22 jier S
20 maart ’43 Jansje Kool 2 jier S
7 maaie ’43 Elisabeth Cohen-Engelander 46 jier S
7 maaie ’43 Benedictus Cohen 11 jier S
7 maaie ’43 Elkan Cohen, ekspedysjefeint 26 jier S
7 maaie ’43 Dina Cohen-Visjager, naaister 21 jier S Troud yn kamp Westerbork
20-11-42
21 maaie ’43 Sara Engelander-Agsteribbe 51 jier S
21 maaie ’43 Marcus Engelander, bierbrouwer 49 jier S
2 july ’43 Alexander Cohen 17 jier S
28 jan. ’44 Jozef Engelander, kleanmakker/skroar 26 jier A
28 jan. ’44 Betty Engelander 3 jier A
28 jan. ’44 Sonja Engelander 3 jier A
31 maart ’44 Aron Kool, ekspedysjefeint 28 jier ME
31 maart ’44 Isaäc Cohen, fytsemakker 49 jier A
30 sept. ’44 Max Engelander, magasynmeiwurker 20 jier B