Fersen fan minne

Dit boek bestelle?

strofyske gedichten fan Hadewych
mei in parallelle herdichting yn it hjoeddeiske Frysk troch Klaas Bruinsma

Resinsjes (fragminten)

/…/ It ferget geduld, mar yn de 45 Lieten yn Fersen fan minne biedt Hadewych, foar elk dy’t de tiid der foar nimt – en wat binne in pear oeren fan ús tiid ôfsetten tsjin de acht ieuwen dat it wurk ûnderweis west hat nei ús ta – it hele spektrum oan minsklike emoasje, mei alle hope en wanhope, Genûgen en Ungenügen, wille en ferûngelikens. En op wat of wa’t dy emoasjes rjochte binne, troch wat of wa’t se feroarsake wurde, dat docht der miskien net iens safolle ta. Wat der wol ta docht, is dat Klaas Bruinsma ús op dy fersen wiisd hat en se mei syn moaie oersetting tagonklik makke hat foar us, ta ús herten ghenoeghen.
Hjir, Janneke Spoelstra, april 2003


Dizze útjefte fan Hadewychs Fersen fan minne is in unyk barren, foar’t earst hat immen it oandoard en fertaal sa’n 400 siden mystike poëzy út it Middelnederlânsk yn it Frysk.
/…/ It âlde Hadewych hânskrift libbet wer as in hert.

Trotwaer, Syta Palma, juny 2002


Wat in taalrykdom is der yn dizze fertaling te finen! It Frysk fan Bruinsma is fan ‘een ongekende schoonheid’, om it mar ris sunich út te drukken.
/…/ Om de lekelêzer te skewielen hat Bruinsma in tige lêsbere ynlieding op it wurk skreaun.
/…/ Bruinsma is fan betinken dat foar ‘wa’t de muoite nimt – en der is yndied muoite foar nedich – sa Hadewych te lêzen, sil, sels al soe har ferheven skôgjen him net oansprekke, dochs noch literêr genot fiele kinne fan de poëzij fan de grutste dichteresse fan de Midsieuwen yn Nederlân.’

Sneeker Nieuwsblad, Henk van der Veer, 16 maaie 2002


De Fryske taal blykt tige goed te passen by de ynhâld fan de fersen en dat is it fertsjinste fan Bruinsma.
/…/ Mei de oersetting fan Bruinsma is it yndie in genot om dizze fersen ta jo komme te litten.

Leeuwarder Courant, Yvonne Dijkstra, 10 april 2002


Sa’t it heart by in klassike útjefte hat it boek in ynlieding, dêr’t wat yn ferteld wurdt oer it klassike wurk, de auteur en de tiid dêr’t it yn makke is. Foar wa’t de anatomy fan de ferlyfdhyd begripe wol, en wa wol dat no net…, is dit boek in echte oanrieder.
Kistwurk, Eric Hoekstra, febrewaris 2002

Fersen fan minne
Jier: 2002
388 siden
ISBN: 90-73554-72-1
Oare boeken fan dizze auteur

Béatrys

herdichting fan ‘e midsieuske Marialeginde Omslachtekst Béatrys – de midsieuske Marialeginde skreaun troch in ûnbekend auteur te Antwerpen om 1345 hinne – jildt as ien

Lês fierder »

Karel en Elegast

herdichting fan ‘e midsieuske ridderroman Karel ende Elegast Omslachtekst De earste tekst fan ‘e bekendste midsieuske ridderroman, Karel ende Elegast, is fan om 1200 hinne;

Lês fierder »

Mei-Maaie

neist de oarspronklike tekst fan Herman Gorter in herdichting fan de Mei yn it moderne Frysk Omslachtekst De Mei fan Herman Gorter jildt as ien fan

Lês fierder »