2010 De Wuttelhaven del. Roman. Friese Pers Boekerij.
Syn kollega-dosinten fine Sal en Tamar, dy’t yn in kastiel yn de Slotmakersstrjitte wenje, mar lestich en slute leaver de eagen foar de narderij. – Eeltsje de Vries wrakselet noch altiten mei it oarlochsferline fan syn ferstoarne âlden. Syn heit wie in mei de besetter kollaborearjende sjoernalist en syn mem stie folslein achter har man. Mar tagelyk wiene it treflike âlden.
Surrealistyske bylden fan it libben op it kastiel en hilarysk humoristyske ferhalen oer de foarâlden fan Eeltsje de Vries jouwe De Wuttelhaven del lucht. In roman dy’t nimmen mei ynteresse yn de Fryske literatuer misse mei.
Steven H.P de Jong krige yn 1992 de Gysbert Japikspriis foar De Wuttelhaven del.