De twadde fersebondel fan Jelle Zwart.
De wite hoed
Stil leit de wite hoed.
Dûnset, sweeft
of farkelet net fan ‘t wetter.
Hoedet gjin holle,
heint gjin gûnen
ta muzyk.
Smoarget net.Leit op huoddeplank
en rydt sa troch de stêd.
Dêrhinne, oer de âlve diken.
Lichtet kwier himsels
foar kreaze froulju.
Somtiden mei in glimk,
in âld en eptich minske.In bleate holle efter it stjoer
fynt paad. De wite hoed
syn master.
Resinsjes (fragminten)
It heart botte spektakulêr: in dichter is trije jier lyn debutearre, hy fynt it tiid wurden foar in folgjende bondel. Nijsgjirriger wurdt sok nijs as dêr by sein wurdt, dat it debút út 2006 hûndert fersen telde, de nije bondel hûnderttritich (!) en dat de dichter twaëntachtich is. Yn twa útjeften publisearret Jelle Zwart likefolle poëzy as de trochsneed dichter yn fiif of seis. Nei alle gedachten brekt er dêr in rekord mei.
/…/dizze nije samling/…/bestiet út seis skiften poëzy, meast frij fan foarm, faak ek sletten en dan mei rym en metrum, ferheljend (anekdoatysk faak) en tagonklik. Jelle Zwart hat it dichtsjen omraak foar de slach.
Priuw
swiet in taal
fol dûbelklanken/…/
Sjong
yn dy taal
in eigen liet.
Dat eigene berikt Zwart ûnder oare troch it orizjineel tapassen fan personifikaasjes en it weilitten fan ‘oerstallige’ wurden:
Hy die syn
jas en frege kapstok har
te dragen
en troch nijfoarmingen:
leafhab my
bjinstap my
skjinje my op
ta kleare loft
as kâld
dyn billen.
Al yn ‘Sân skeppen sâlt’ (2006) liet er dy eigen stylaksinten sjen. Droege humor hat er ek, bygelyks yn it ferslach fan in teaterfoarstelling: ‘Healwei pisset de pauze’. Dy eigenens soarget derfoar dat der fariaasje bliuwt yn de mannichte fan gedichten, ek al werhellet er himsels wol binnen de ûnderwurpen dy’t er ‘besjongt’: de natoer, de kultuer, de âlderdom, de leafde, de poëzy – refleksjes op it libben yn it algemien en it eigen bysûnder. En dan kinne de werkenberens en it partikuliere dochs ferfele./…/
Leeuwarder Courant, Harmen Wind, 24 july 2009