De stêd, it bist, de ingel

Omslachtekst

De ingel, nij yn ’t wurk, eagen wend oan silligens en fisioenen; earen streake mei loftrompetten en swiete geheimen, moat omstean leare. Goed en kwea is bysliep, iten. Is weachstik. Se sil har rêde mei har gouden hier en skerpe pinnen.
It bist klaait him oan en makket op ’e beurs syn tarette rentree. Reade lopers, knipmessen, muzyk. Hannel fan it boppeste buordsje. Freonen ûnder elkoar. By it skieden fan ’e merk jout er de stêd in gouden hoanne op ’e toer.
De boargemaster priizget it bist en kraait fiktoarje. Tutet yn it iepenbier syn frou.

Resinsjes (fragminten)

‘De stêd, it bist, de ingel’, hat oerienkomsten mei de âlde romantyske ballade, dy’t as ik te seil gean op Anne Wadman syn skriuwen dêroer yn ‘Fryske Fersleare’ weromgiet op de folkslieten. De gearstalde strofebou en rymskema’s dêrfan binne by Van der Meer ferfongen troch in kollaazje fan fragminten. De poëtyske ynhâld beslacht it tema fan de macht, it misbrûk dêrfan mei navenant alle marsjandearjen mei regels dy’t de minske as yndividu yn ‘beset gebiet’ hâlde, him ta meirinder en figurant meitsje as er it net yn ‘e kant set tsjin de ynstitusjonalisearre Machten fan polityk, godtsjinst en media en alle dêrmei oprinnende foarmen fan moreel ferfal.
‘De stêd, it bist, de ingel’, dat ek in krityk op de sosjaal-politike en godtsjinstige ferhâldings neamd wurde kin, is de apokalyptyske kant neist. It gehiel is lykwols minder radikaal en dekadint as bygelyks it toanielstik ‘Het vuil, de stad en de dood’ fan Rainer Werner Fassbinder. Dat hat in soartgelikense tematyk, mar de útwurking dêrfan is net allinne pessimistysker, mar ek planút fataal. Dat sil te krijen hawwe mei de ateïstyske ynslach fan Fassbinder syn tekst. Van der Meer har poëzy, dêr’t in dúdlik metafysysk werklikheidskonsept de grûnslach fan foarmet, lit romte foar de hope, sij it mei de nedige twivel

/…/ As taal in estetyske skepping is, en dat is it oeuvre fan Aggie van der Meer, dan sis ik: Wat in poëzy, wat in skepping.
De Moanne/Trotwaer, Eeltsje Hettinga, maart 2005


Van der Meer har sinnen hawwe oer it algemien in geve struktuer en se wurde op nochal taalgefoelige, muzikale wize oan elkoar rige. De elemintêre boustiennen fan har wurk kinne dus sprekken lije, en it ûnthjit fan dizze bondel skûlet nei myn idee benammen yn dat gegeven. Spitegernôch, lykwols, beswykt har boek te faak ûnder swiere lêst fan de ynhâld: ûnder de allegoary, dy’t oan ‘e iene kant te keunstmjittich is, de spontaniteit ûnder fuotten hellet, oan ‘e oare kant te foar de hân lizzend, te moralistysk.
Leeuwarder Courant, Jabik Veenbaas, 17 maart 2000


It liket my ta Aggie van der Meer hat it plan opfette om in omfangryk poëetysk wurk te skriuwen. Dêrby hat se alles ynvestearre om ta har doel te kommen, en alles ûnderdienich makke oan wat har by dy opset foar eagen stien hat.
En ik moat sizze, ek al komt it ferhaal net alhiel ta syn rjocht, dat it hjir en dêr alluere kriget. En dat se besocht hat fet te krijen op wat gruts. Dat mei foar in debutant in stap te fier wêze. Ik soe wolle dat mear dichters oanstriid fielden ta dat grutte, mar dan sûnder fan har eigen fersen te rôvjen.

Trotwaer, Durk van der Ploeg, july 2000, nr 6


‘Balladeske’, sa neamt de skriuwster har wurk. As namme in noviteit yn ‘e (Fryske) literatuer, as foarm lykwols faker tapast: in lang syklys gedicht getten yn proaza-eftige fragminten. It wurk fan Van der Meer sit grôtfol mei symbolyk, metafoaren en is dus de kryptise kant it neist. No net bepaald literatuer foar ûnder de parasol of de parrebeam. De kop moat der goed bij, mar dan krijt de ynhâld de lêzer ek bij de strôt, om it mar ris plastys te sizzen. /…/
Sneeker Nieuwsblad, Henk van der Veer, maart 2000

De stêd, it bist, de ingel
Aggie van der Meer, balladeske, De stêd, It bist, De ingel
Jier: 2000
32 siden
ISBN: 90-73554-44-6
Oare boeken fan dizze auteur
De sneinen, it lân achter it each fan 'e nulle, gedichten, Aggie van der Meer

De Sneinen

Twaënfyftich gedichten oer de sneinen fan it jier. De kuiertocht, ier en betiid op stille sneintemoarnen, ropt op ta meditaasje en set de fantasy op

Lês fierder »
Pauwehôf, roman, Aggie van der Meer

Pauwehôf

roman Omslachtekst Yn de Pauwehôf wurdt út en troch referearre oan de troch Albin Biblom gearstalde ‘The Journals of Jacob Mandeville’. De Pauwehôf is in

Lês fierder »
Oerfeart, histoarise famyljeroman, Aggie van der Meer

Oerfeart

histoarise famyljeroman Omslachtekst Yn de histoarise roman ‘Oerfeart’ fiert Aggie van der Meer petearen mei har joadse foarfaar en har Dütse beppe. Dêrfoar hellet se

Lês fierder »