Resinsjes (fragminten)
It boek hat my gjin sprút ferfeeld, sterker noch, at je der ienkear yn begjinne te lêzen, lizze je it net mear oan kant. Dat komt fansels troch de wize wêrop’t Gryt Witbraad skriuwt. It is puere, oprjochte human interest.
/…/ Yn faak net mear mear as ien side per persoan fertelle de minsken harren hiele libben.
/…/ Men kin fan tinken wol hawwe, dat it échte libbensferhaal tusken de rigels stiet. Al dizze santich portretten jouwe in moai byld fan de trochsneed Fries, dy’t lykwols wol wer sa unyk binne dat it gjin trochsneed Friezen binne. /…/ Gryt Witbraad beheint har net allinne troch it optekenjen fan moaie anekdoaten, mar se ferswijt ek slimme syktes en drôvige stjergefallen net.
/…/ Hiel autentyk is dat Gryt Witbraad de Aldegeasters yn har eigen útspraak fan it Frysk sitearret. Hjirtroch krijt de lêzer noch mear it idee dat hij by de minsken oan tafel sit. Fan Aldegeasters dy’t ik nei oanlieding fan it ferskinen fan it boek sprutsen ha, krige ik te hearren dat it wol minder kind hie. Grutter komplimint kin de skriuwster net krije! De foto’s fan Pieter van der Meer fyn ik yn de measte gefallen wol karakteristyk, al binne kykjes hjir en dêr wat te dûnker ôfdrukt.
/…/ It is detailkrityk, want dit boek is sûndermis in boppeslach!
Sneeker Nieuwsblad, Henk van der Veer, 25 augustus 2005