Resinsjes (fragminten)
Kuiers of definysjes fan in ik/Willem Abma:
Neffens de Ierske dichter Seamus Heany moat elke dichter himsels nei ferrin fan tiid definiearje. Dat is ek itjinge wat de poëzy fan Willem Abma driuwt, benammen yn syn lêste en tagelyk ek syn bêste bondel ‘Kuiers of definysjes fan in ik’ (as it om syn lêste trije bondels giet). It ûnbepaalde fan it lêste haadwurd ‘ik’ is typysk foar ien fan de grutte tema’s út de moderne poëzy: it sykjen om identiteit. Dy wurdt by Abma ûnder mear bepaald troch de kamp tusken skyn en wêzen. Dêr lit er him by sjen as in fanatike wierheidssiker. Hy wol himsels moetsje, as it heal kin yn poëzy. Gedichten wurde definysjes, mar hâlde in foarriedich karakter. Dat hâldt Abma syn poëzy iepen, jout dy ek har romte. Wat de dichter nei it weibringen fan de mytyske en kristlik-kalvinistyske ‘faders’ oerbleaun is, is it ryk fan de poëzy. Fersen rikke him de boustiennen oan foar it delsetten fan de timpel fan it eigen Sels. De poëzy as in foarm fan religy? Ja, sij it dat Abma him dêryn manifestearret as in agnostikus, in dichter, op ‘e kuier troch in (ynderlik) lânskip, al sykjend en wrakseljend om de god fan en yn himsels.
/…/ ‘Kuiers of definysjes fan in ik’ is in ferrassende ommekear. De mantel fan bygelyks de rymtwang is ôflein. Yn fergeliking ta de twa eardere bondels skept de dichter yn de foarm romte en lucht. De poëzy streamt yn frije foarmen, frij-út.
/…/ De gedichten yn ‘Kuiers’ binne gâns konkreter, lês: byldriker as yn Abma syn earder wurk. As in moderne fariant op de kuierder út de Romantyk beswalket de dichter it lânskip yn tiid en taal. Yn de foarm docht it wurk tinken oan de fertellende en heal om heal surrealistyske wurkwize fan de dichter Tomas Transtrømer, de Sweedske dichter fan wa’t Abma ek fersen oersette. Planút ferrassend, want nij foar Abma syn wurkwize is it fers XXXVI dat in sterk surrealistyske ynslach hat en út ein set mei de rigel: It ynterieur fan dit gebou is bûten. / Sintugen ha de skuon / oandien./
/…/ Ynhâldlik bliuwt Abma, ek yn dizze lêste bondel, syn eardere ûnderwerpen en tema’s trou. Waard yn ‘Te fûnling’ al preludearre op it motyf fan it sichtbere en ûnsichtbere, – Abma’s fariant op it âlde, klassike tema fan skyn en wêzen en witten en net witten – yn ‘Kuiers’ is der oer alle boegen it besykjen om foarby dy dialektyk te kommen. Dêr slút er oan by it idee fan Gustafson dat by alle tsjinstridichheden yn filosofyske wrâldbylden dochs ergens in oarspronklike gedachte wêze moat, in ûnderling ferbân tusken de dingen. De grûntoan by dat sykjen nei in objektive werklikheid, dy’t it ryk fan de sintugen oerstiicht, is dy fan Plato, mei dit ferskil: Abma lit him net fêstlizze troch ien, yn it foar fêststeande en alles omfiemjende Idee. It giet him om de reis, kuiers, dy’t it ûndersyk nei it wezen fan werklikheid en identiteit tsjinje. Dêrby is sprake fan in djippe langst om binnen it No de dingen te kennen, mar dêr ek mei gear te ranen. Dit is dyn momint./ Kameleon. / Wyt. / Wist. / Biste. / Dyn ynhâld siket foarm. / Wês. / In soartgelikens tinken is ek by Gustafson werom te finen. Slim, dat Abma him by dat stribjen oplûkt oan dy troch him bewûndere ‘fader’? Nee. Abma is in dichter dy’t no ienkear net sûnder goaden kin. Nei de kamp mei alle mytyske en kristlik-kalvinistyske goaden, ynbegrepen dy mei de ierdske ‘heit’, is der blykber it ferlet en sykje de striid mei in nije god: de poëzy, mei alle dichtersgoaden dy’t dêrby hearre. Yn dat as metafysysk te omskriuwen ryk is Abma de agnostikus, besykjend om foarby alle skyn troch te kringen ta it wêzen fan it eigen Sels. Syn fersen beslagge fandatoangeande in moaie kombinaasje fan de ‘suvere poëzy’ wêryn’t it fers sels, lês: de taal faak ûnderwerp fan ûndersyk is, en de ‘net suvere poëzy’, wêrby’t it fers mear beskôge wurdt as in karre foar it útsuteljen fan ideeën.
‘Kuiers’ is te beskôgjen as in queeste: it (fragmintaryske) ferhaal fan in syktocht nei in identiteit, nettsjinsteande it bewitten dat dat net kend wurde kin. It giet om in aventoer, it sykjen nei wizen, wegen, – kuiers – dy’t it mooglik (!) nei in ienheid, in wierheid liede kinne soene. By Abma komme alle tsjinstellings út inoar fuort of folgje inoar op, sa’t soks no ienris bart binnen de stream fan Tiid. Dêr slút Abma oan by de âlde Gryk Heraklitus dy’t dêroer seit: alles is ien mar dy ienheid tagelyk beskôget as de grutte kamp fan de tsjinstellings. Tsjinoer dat idee, dat men ek tsjinkomt by Obe Postma en dat tagelyk in yllustraasje is fan Heraklitus syn tinken oer it alles streamende en ivich duorjende (!) nimt de dichter yn ‘Kuiers’ posysje yn fan it willeaze subjekt, dat him ferskuord en allinnich wit tsjinoer it riedseleftige fan Tiid har ‘sinne-omgong’.
/…/ By alle dialektyk dy’t Abma syn wurk tekenet, wurdt besocht om ta definysjes fan in identiteit te kommen, mar gelokkich net dé definysjes. ‘Kuiers’ is fandatoangeande in modern ferhaal, in sykjen nei de graal fan it Sels, /…/
/…/ Yn ferliking ta syn earder wurk hat Abma net sûnder súkses nei fernijende foarmen socht. Dat mei namste mear sjoen wurde as in bewiis fan in troch him noch altyd fierder ûntjaand dichterskip, tekene as dat is troch in sterk filosofyske ynslach, mei in ienselvich, Stabat Mater-achtich karakter. Mei de krêftige ynhâld, de sterke fisualiteit en it doaren om nije foarmen oan te gean, wint ‘Kuiers’ it fierwei ôf fan de faak te ferstanlike en soms te folle út de boekekast wei skreaune bondels ‘Moeting’ en ‘Te fûnling’. Yn ‘Kuiers’ lit Abma him sjen as de sterkere dichter dy’t syn eigen anxiety treast wie, de striid oangie, net allinne mei syn bewûndere foarbylden Transtrømer, Gustafson en Postma, mar beammen mei himsels. Yn dy kamp ferslacht Abma Abma. Fandatoangeande hat de dichter, benammen yn de foarm, in prachtige ‘fadermoard’ op himsels dien.
De Moanne/Trotwaer, Eeltsje Hettinga, maaie 2005
Mei’t Abma yn de bondel hieltyd deselde metafoaren mei lytse fariaasjes derop weromkomme lit, is ‘Kuiers’ tige konsistint opboud. foardiel dêrfan is dat de lêzer de kuiertocht fan in dichterlik ego yn alle skakearringen frij maklik folgje kin.
/…/ De fersen dêr’t it ‘ik’ in minder promininte rol yn spilet, falt neat op ôf te tingjen, mar it is ferfeelsum om bledsidenlang oer de ‘ik’ mei in nochal problematyske fizy op himsels en syn meiminsken te lêzen. Miskien soe sels út te hâlden wêze dat de ‘kuiers’ nijsgjirrich binne, mar de ‘definysjes fan in ik’ net.
Leeuwarder Courant, Babs Gezelle Meerburg, 9 febrewaris 2001
Ut de bondel docht bliken dat de fersen oer it lânskip de muoite wurdich binne mar dat de gedichten oer himsels faak gjin poëzy opleverje.
/…/ Abma hat bij de opset fan de bondel net goed trochtocht wat in komposysje en definysje fan it ik ynhâldt en it gefolch is dan ek in kwalitatyf ûnevenwichtige bondel.
Friesch Dagblad, Pier Boorsma, 14 maart 2001
It giet yn dizze bondel benammen om ‘wa bin ik’, der binne in soad ferwizingen nei dit tema. Op s. 20 wurdt sein dat de solipsist nei binnen harket. Solus=allinne, ipse=sels. In solist is ien dy’t de wurklikheid allinne kin troch himsels. It betsjut ek solisme: op side 24 giet it oer pine fan in solist, dy’t ôfwêzigens mear fielt as dat er oanwêzichheid mist. En op deselde side skriuwt de dichter ‘men is sels de priis foar wat it libben biedt. It eigen inerlik de pinkoade’. Dat is moai fûn.
/…/ Eltsenien dy’t allinne kuieret wit dat je dan goed neitinke kinne. Oer josels. Dat is ek sa mei it kuierjen troch dizze rike bondel. Om alles goed te sjen en ta in goed begryp te kommen moatte we it paad yn alle rêst grif twa kear of faker rinne. Dizze bondel fan Abma is dy ynspanning wol wurdich.
Omrop Fryslân, De Koperen Tún, Pier Bergsma, 25 jannewaris 2001
In deze nieuwe bundel staan 44 gedichten, waarvan een aantal een bewerking van gedichten van Lars Gustafson.
/…/ Het zijn ‘prozagedichten’ volgens het titelblad, wat wil zeggen: veel tekst, soms lange regels, volle bladzijden, maar het is onmiskenbaar poëzie: de indeling, hoe onregelmatig ook, in strofes en vooral de taal waarin de dingen beschreven worden: soms korte stamelende zinnen en heel beeldend. In de gedichten wordt een hij-figuur beschreven die door een weidelandschap wandelt. Koeien duiken regelmatig op, lijken de man wel steun te geven, want de toon van de gedichten neigt behoorlijk naar het melancholieke, getuige de trieste woorden uit een Stabat Mater van Pergolesi. De man doet ook meer dan alleen wandelen, hij wordt met zichzelf geconfronteerd en zo zijn de uiterlijke wandelingen nog meer een zoektocht naar zijn innerlijk. Abma geeft met deze beheerste en inhoudelijk rijke bundel een nieuw indrukwekkend bewijs van groot dichterschap.
Nederlandse Bibliotheek Dienst, Jelle van der Meulen, 15 febrewaris 2001
Hjir en dêr fersûp ik as lêzer wolris yn in see fan wurden, as Abma al te útlizzerich wurdt. Mar it is krityk yn ‘e marzje, want wa’t de muoite nimt om dit wurk fan Abma yngeand te lêzen sil ryklik beleanne wurde mei prachtige rigels as: ‘Gjin tearder kjeld as de snieflok / teiend op ‘e hûd fan hân en wang’
Yn it sykjen om in identiteit rekket Abma de kearn fan it bestean, en dat makket wat hij skriuwt ek sa werkenber. Syn oarspronklike wize fan ‘sjen’ en notearjen is oan ‘e iene kant hiel persoanlik, mar oan ‘e oare kant ek tige universeel.
En om no noch even werom te kommen op de ‘literêre kwaliteiten’ fan Abma syn poêzij. Ik skriuw dat, omdat syn wurk mij mear as ienris rekket en bewust makket: wa bin ik, wa bisto? Ik bin noch lang net útlêzen yn dizze bondel, dêrfoar is it wurk ek te kompleks, mar ik doar wol te stellen dat ‘Kuiers of definysjes fan in ik’ in hichtepunt is yn it oeuvre fan Willem Abma.
Sneeker Nieuwsblad, Henk van der Veer, 6 april 2001