Piter Wilkens skriuwt by gelegenheid fan Us aller ierdappel, 23 novimber 2024 de Ballade fan ’e befrijde ierdappel.
Hjirby lûd, byld en tekst. Opname en produksje: Harry Zwerver, Ljouwert.
Sjoch:
Piter Wilkens – Wikipedy
Piter Wilkens
Us aller ierdappel

Foar it Taalfoarum op 29 novimber 2025 hat Piter yn ’e maak: De Nije Taalballade.
Sjoch: De frije bûter op ús aller holle.

Piter Wilkens, zanger.

Ballade fan ’e befrijde ierdappel     

Ik kom út it lân fan de Kondor, dêr is myn ferhaal ea begûn
ik groeide dêr heech yn de bergen, jim hellen my dêr út ’e grûn   
jim brochten my doe oeral hinne, myn reis is no iuwen âld  
en ik tier oeral op ierde, want ik skikte my nei jim bewâld  
feredele en ferrike, feroare, hyltyd wer opnij    
ik bin de befrijde ierdappel en jim binn’ sa fergroeid mei my

By honger bin ik no it antwurd, jim fraach? Ik pas my oan
ik kin oeral aardzje, ik sit oeral yn, jim ha my yn ’e grûn bedoarn
jim wurde sels hast ierdappels, sûnder erch, dat giet stiltsjeswei  
want je binne dat wat je ite en jim ite my elke dei    
faaks dêrom woll’ jim sûner tele, frij fan gûchelerij  
dan wurdt ik de befrijde ierdappel en draait alles om it sied fan my

Sjochsto as knol nea it deiljocht en leist sa’t it heart yn de grûn
dan is der foar dy noch in takomst, want troch de minske wurdsto ea fûn     
o, minsken, sy kinne safolle, sy binn’ tûk en ha sa’n soad ferlet   
liftsje op harren behoeftes, want wier, oars rêdsto it net          
en at sy dy goed brûke kinne, oerkomt dy itselde as my            
dan wurdst in befrijde ierdappel, en passe sy wakker op dy

Hee, Kondor, wêrom woest net harkje? Do bist hast op stjerren nei dea
sy jeie mar troch en sy dogge, ús libbensplak hyltyd mear skea  
ik lis stiif yn ’e ierde, do fljochst frij yn ’e loft
net ien dy misse ast wei bist en dat duorret net mear sa’n skoft  
mar salang as de minsken noch libje, ik de bêste soarch fan sy krij     
bin ik de befrijde ierdappel, is myn tiid hijr noch lang net foarby  

Ja, ik bin de befrijde ierdappel, de minske kin net sûnder my

© wurden en wize: Piter Wilkens, oktober 2023