13 augustus 2023
Aggie van der Meer is yn alle tiden by ús at wy dat wolle – fertige op 12 augustus 2023.
Nei publikaasjes yn tydskiften – ûnder oaren Tzum – debuteart se by Frysk en Frij mei har gedurfd poetys proaza de balladeske De stêd, it bist, de ingel yn 2000, foarmjûn yn bylden fan har eigen hannen skepen. Dêrnei folget by Frysk en Frij fan har hân poëzy, novelle en roman, in risping fan tolve útjeften.
Op ’e omslaggen har byldzjend wurk.
Yn 2019 krijt se de Gysbert Japicxpriis, ek as Bolswerter fynt se dat moai.
De hjerst komt mei flewiel, as wie der neat te rêden. De flearen rûke noch net nei fergean
út har debút De stêd, it bist, de ingel