Printeboek mei tekst, om foar te lêzen fan fjouwer jier ôf, om sels te lêzen fan acht oant tolve jier
Ynformaasje oer it boek
In prachtich bosk kokosnuten is in grappich mar ek learsum ferhaal dat troch alle talen en kultueren hinne rint. It waard keazen as start foar it ûntwikkeljen fan Fabula, in maklik te brûken kompjûterprogramma dat bern en learkrêften de gelegeheid jout om har eigen multimediale ferhalen te meitsjen, kompleet mei digitale foto’s, tekeningen, praatwolkjes, lûden ensfh.
Twatalige ferhalen helpe bern om oare talen te learen troch oan ‘e gong te gean mei wurden, lûden en tekeningen. Sa ûntdekke se oerienkomsten en ferskillen. Fabula kin brûkt wurde om ferhalen te meitsjen yn alle kombinaasjes fan twa talen. As de ferhalen klear binne, kinne se ûnderbrocht wurde yn de Fabula ‘biblioteek’ op Ynternet. Learkrêften en bern diele sa har ferhalen mei oaren yn har taalgebiet.
Op de CD-rom fan In prachtich bosk kokosnuten stiet ek it programma om sels multimediale ferhalen te meitsjen. De CD-rom is te krijen by:
Taalsintrum Frysk
Sixmastrjitte 2
8932 PA LJOUWERT
Mear ynformaasje:
Fabula: www.bton.ac.uk/fabula
GCO fryslân: www.gco.nl
Taalsintrum Frysk: www.gco.nl/hp2000/organisatie/frysk.htm
Lees hier meer over de Nederlandstalige versie van het boek.
Resinsjes (fragminten)
Een humoristisch prentenboek met paginavullende kleurrijke illustraties in een omrand kader met daarin blokken tekst, die duidelijk uitkomen. Ook de buitenkant ziet er uitnodigend uit./…/Dit boek is ook zeer geschikt om klassikaal te behandelen.
St. Nederlandse Bibliotheek Dienst, Margriet Chorus-Reintjens, 16 novimber 2000
Fierders
Bern fan ferskate basisskoallen yn Fryslân, dy’t meidien ha oan de Berneboekesjuery 2001 fine Apesturt it moaiste boek. It boek fan Anny de Jong wie yn 1999 it Aksjeboek foar bern yn de Sutelaksje en de Berneboeketiid. Twadde waard Keutels by de kofje fan Auck Peanstra en op it tredde plak einige In prachtich bosk kokosnutenfan Dennis Reader yn in oersetting fan Jelle Bangma en Douwe Kootstra.
Friesch Dagblad, 18 juny 2001
In prachtich bosk kokosnuten
printeboek mei tekst, om foar te lêzen fan fjouwer jier ôf, om sels te lêzen fan acht oant tolve jier
full colour yllustrearre
oerset út it Ingelsk
publisearre yn gearwurking mei: Walter Books Ltd, London en it Fabula Projekt troch Taalsintrum Frysk fan GCO fryslân, Ljouwert
Dennis Reader (skriuwer en yllustrator) Jelle Bangma en Douwe Kootstra (oersetters)